Ymk hie noch nea sokke nuvere minsken sjoen. Hwa hie dit tinke kinnen? Yn de fleanmasine wie it al gâns oars as thús fansels, maar se wie dêr dochs mear ûnder de yndruk fan it apparaat sels en it fleanen. It wie allegearre sa nij... Mei de bus nei Ljouwert, en in kear as wat mei Klaas-en-dy nei muoike Reinskje, dat wie it wol sa'n bytsje. Reinskje wenne yn Papendrecht, hielendal yn Hollân. Dat, Ymk har tinzen oer fremde lju wiene wol aardich rom, tocht se. Se hie dochs knap wat fan de wrâld sjoen, net? Mar se rekke frywat yn é tiis yn Boekarest, mei safolle echte Roemenen om har hinne. "Wat binne it hjir rare lju!" hie se ropt doe't hja mei syn fiiven yn de oankomsthal stiene.
Op Schiphol gie it noch wol. Drok, drok, drok fansels, mar reislieder Syp wie der yn slagge om syn fjouwer froulju út al dat folk gear te sykjen mei in great boerd wer't yn grutte letters op stie: <Fryslân - Roemenie>. Ymk hie der de lêste nachten slim om sliept, mar no waard alles foar har regele, dat gjin noed. It wie Gerkeskleaster net hjir, mar se wie wol wat went in Hollân, no?
Ymk hie al wat fremd opsjoen doe't de fleander fan de Tupolev har efkes foarstelde. No ja, ferstean hie se it net kint, mar Syp hie de froulju ferteld dat sa 'n Russyske fleanmasine gjin stoerbekrêftiging hie en dat dizze frou derom sokke spierbondels hie. No ja, it soe der allegjearre wol bij heare, hie se tocht.
Ymk hie har al in bytsje bang tocht en nei Syp sjoen doe't de Tupolev sûnder alle moderne navigaasjeark boppe Boekarest net lânje koe om 't de mist dêr te ticht wie. Mar lânje koe wol op in lytser fleanfjild hast yn 'e stêd, mar ja, dêr wie wer gjin douane. En it buske mei de tolk stie fansels noch op Otopeni. Nei in heal oerke wie der krekt genoch sicht foar tsien minuten fleanen nei Otopeni en wie it selskip einliks te plak. Yntusken wie it buske fansels nei it earste fjild fan Baneasa gien...
It hie allegearre spannend west. Ymk wraksele mei de oaren nei de útgong wer't it har doe oanfleach, al dy rare wurden, sa folle smokende kearels, yn stikmannich frijwat slingerich en in kertier boppe de wyn stjonkend. "Wat binne it hjir rare lju!" It wie der út foardat se der erch yn hie.
Mear dan in jier hiene se fanút de frouljusferiening aksje fiert foar de Roemenië Stichting. Foaral de froulju hiene harren de blieren op é fingers breide, heake en naaid, en ta einbeslút in knappe ponge mei jild oerhannige oan dûmny Hofstra, alles foar de nijbouw fan in tehûs foar minsken dy't net hielendal gear yn 't sûpenboltsje wiene. Akke fan it bestjoer wie der doe mei foar 't ljocht komt: wy binne no wol hiel drok west, mar foar wat einliks? O, se hiene ferhalen heard, in pear dia's sjoen, en de dûmny hie sein dat se bjusterbaarlik goed wurk dien hiene, mar dochs... Akke woe it allegearre wol eins mei eigen eagen sjen, mar allinne doarde se der net hinne. Sa fier fan hûs, en neffens Hofstra ferstiene de measte lju dêr gjin Frysk...
Nei wat hinne en wer praten en sykjen hie dûmny regele dat se mei harren fjouweren foar in gaadlik bedrachje nei Roemenië koene. Syp de skoalmaster hie der faker west mei ploechjes minsken en dy soe mei. Hij hie wol kunde oan in protte minsken dêr yn it stedsje en hie ek al faker wurke mei de tolk út Boekarest.
Dy tolk, Mihai, wie no ûnderweis nei it goeie fleanfjild, neffens Syp. Oan't sa fier wie koenen se wol efkes in bôltsje ite, want it duorre noch oeren oant it earste hotel, hie er sein. Akke hâldde de moed der mar wat yn: "Ja, famkes, wy binne noch lang net wurch wol?" Ymk sei neat, en Tsjal en Froukje hâldden harren ek tige stil.
De oare deis wiene se mei syn allen nei it noarden riden. De fjouwer froulju tegearre achteryn mei Syp, en Mihai by sjauffeur Gabriël foaryn. No wiene de froulju allegearre al in moai stikje foarby de sechtich, dat it doarre net sa lang of Akke moast pisje.
'In lytse meno-pauze?' rop se nei de mannen foaryn. Gaby wist wol in gaadlik plakje. Yn 1995 wiene der noch net safolle kofjetintsjes lâns de dyk, mar it koe wol efkes by de stasjonshalte fan it doarp tichtby. Akke en Ymk derút. Nei in pear tellen wiene se al wer werom.
'Hjir is it fierste smoarch,' rop Ymk. 'Nei de boadskip hast mear stront oan 'e fuotten as datst yn it gat falle litten hast. Wy hâlde it nog wol in skoftke yn.'
Mar nei in heale ûre wie de rek 'er by Ymk hielendal út en Gabriël wie sa goed net as hij moast wer oan é kant, no op in parkearstripe. Fansels wie dat ek 'Roemeensk skjin', ferjûn fan 'e stank, âlde oalje en blikjeguod.
'Ik gean efkes achter dy beamkes,' sei Ymk en Akke mei fansels. Om wis te wêzen giene Tsjal en Frouk ek mar mei.
It duorre in ivichheid oant se werom wiene.
'Achter de bosk wie in boer,' sei Tsjal, 'en doe moasten wy wol tusken de beamkes. En dêr sit eltsenien te skiten, sa te sjen. Dus moasten wy dernei earst nei in puozze om ús skuon te himmeljen...'
Ymk en de oaren seagen har de eagen út ûnderweis. Se fregen Mihai de earen fan 'e kop. En hij fûn it prachtich om harren alles oan te wizen at 'er tocht dat it nij of nijsgjirich wie foar de froulju.
'Zien jullie die gekken daar? Daar zit een klooster achter. Daar hebben we geel veel van'. Frysk koe Mihai net, mar hij hie in jier as wat in Amsterdam studearre en wie it Hollânsk aardich machtich wurden, genôch om goed te tolkjen. Allinne de h wurde, krekt as by de measte Roemenen, mear in 'g' dan in 'h'. By it earste de bêste besyk oan sa 'n kleaster moasten de dames fan Mihai dus kreas klaaid wêze, om 't it 'geilige grond' wie...
It eindoel wie Târgu-Neamţ, yn 'e Moldova krite. It hotel dêr hie de moaie namme Casa Arcasului, it hûs mei de bôgen. En dat wie it ek, fan bûten en binnen allegearre rûne muorkes and keamers. Ymk koe der mar net bottte oan wenne. Op 'e keamer wie der wol in wasktafel, mar der kaam meastentiids brún wetter 't 'e kraan. Om nei it húske te gean moasten de gasten nei in gong fierderop. Ymk fûn it neat.
'Ik sal bliid wêze as 'k wer thús bin,' fûtere se tsjin Akke, dy 't by har op 'e keamer sliepte.
Ek it iten foel net mei. Yn dy jierren wie der net fan alles wat jo bestelle koenen, der kaam of tafel wat de kok keapje koe op 'e merke, of by in boer. Nei it earste miel fan mamaliga, seane brij fan mais, mei sloppe slaad en wat fette bakte woarstkes hiene Syp en Mihai de kok safier krige dat de mamaliga teminsten fan it menu skrast waard. Derfoar yn 't plak krigen se de oare dagen patat. No ja, de Roemeenske variant dan: slop en fet.
Mar fierder hiene de dames in bjusterbaarlike wike.
Alline Ymk hie it dreech. Se lake hieltyd minder, wie stil en gie der betiid op. Op 'e dei fan de offisjele ûntfangst by it projekt van Camin Spital by de direktrise Arsinica Neamteanu fielde Ymk har sa min dat se net mei woe. 'Ik bliuw der yn,' sei se. 'Ik hear it letter wol'.
Sa miste Ymk it doel fan de hiele reis en har eigen thús al like folle. 'Mar,' sei se letter nei alle ferhalen fan de oaren, ''k ha gjin spyt fan é reis, hear!'
Op 'e dei fan de reis werom nei Boekarest wie Ymk der ier en betiid ôf. It liif fielde har in stik better en se trôpe gâns wat bôle en jonge tsiis nei binnen.
'Moast hiel wat ynhelje?' frege Tsjal mei in knypeag.
'Nee, hear!' wie it antwurd. 'Mar ik gean wêr op hûs oan.'
Yn it buske wie Mihai nêst har op 'e achterbank sitten gien. Ymk wiisde alles oan wat se net daliks thúsbringe koe en Mihai fertelde alles wat se witte woe. Ek oer dy dingen dy 't er op 'e hinnereis ek al ferteld hie...
De lêste jûn sliepten se yn in ienfâldich hotel yn de haadstêd. Doe 't se it iten sawat op hiene kaam Mihai mei de fraach.
'Dames, hebben jullie mijn gulp nog nodig? Anders zou ik graag naar guis gaan...'
Dat mocht. De dames soene Mihai nea mear ferjitte, krekt as safolle oare dingen yn Roemenië.
Dy nacht wie it noch wol in stik drokker wurden op 'e gong yn 't hotel. It die bliken dat it ek in spesjaal hotel wie wêr't in stikmannich lichte fûgeltsjes út en troch dwaande wiene mei harren 'ynkommen' ...
De fleanmasine nei Amsterdam wie gjin Tupolev mar in healsliten Boeing fan de Tarom. Rûn Schiphol wie it kostlik-moai waar.
'Wat hat no de measte yndruk op jimme makke?' frege Syp de froulje by it ôfskied. Ymk wie de lêste mei har sizzen.
'No, ik tink,' sei se, 'it moaie fan Roemenië wie datst sa goed seachst hoe goed it thús is...'