Foeke Lapkeman hat no in baas winkel. Meinammen simmerdeis sneupe dêr hiel wat froulju om by de rekken mei jurken en alle mooglike nijerwetske klean. Foeke knypeaget dan wat om harren hinne en it moat al mâl rinne wol 'er se net it ien as 't oare oansmarre. It is dúdlik: Foeke buorket goed en kriget in bêst part fan it fakânsjejild fan dy stêdslju.
De froulju út it eigen doarp fine dat mar sa sa. Want sy moatte foar in deagewoane skelk wol trije kear sa folle bitelje as eartiids. Allinne omdat it nou 'folkloareskelk' hjit! Foeke sels gnysket dêr mar wat om en tinkt: 'Jo moatte dochs mei jo tiid meigean, net?'
Eartiids wie Foeke, krekt as safolle keaplju, begûn mei in fyts. In baas transportfyts mei in dûbele stange en foarop in grut rek. Op dat rek hied’ er in pear healsliten koffers en as it koe achterop ek noch ien. Yn dy koffers hie er dan lapkeguod, foarneamde skelken, sokken, lange ûnderbroeken en wat mesjester wurkbroeken. En dêr gie er dan de hûzen mei lâns. Meastentiids ried Foeke nei in hiele dei wêrom nei hûs mei in liif fol kofje en de koffers hast krekt noch sa fol mei klean. De boeren wiene net ryk mar de frou woe altyd wol in praatsje, no?
Lêst barde dêr wat yn 'e winkel, dêr't noch lang oer neipraat waard. It wie op in moaie simmerdei. Dêr wie gâns folk yn it doarp en sa om in ûre as fiif kaam der in bjusterbaarlik fet wiif Foeke syn winkel yn. Foeke tocht fuortendaliks oan in stikmannich fjouwerkantemeters skelk en fûn it minske op slach oanfallig genôch om er op ôf te slofkjen.
'Wat as mefrou socht?'
'Ik zoek een badpak, mijn beste man', sei de fakânsjegongster op in toan, dy't doarpsminsken wol went binne, mar dêr't se nea oan wenne. Ek Foeke net.
Mar de lapkeman tocht oan syn fjouwerkante meters en sette him skrep.
'Dat komt altyd klear, mefrou', sei de winkelman en hy skatte it efterûnder fan it froumins.
'Ik ha noch al wat yn mjitte fjouwerenfyftig, dat sil it wol wurde moatte .. ?'
De frou seach him oan as rûkte se ûnrie mar avesearre al it fleis efter Foeke oan nei it rek mei de swimpakken.
'As ik it sa besjoch, dan moat dit him wurde', miende Foeke en joech de frou in bistachtig great swimpak. Se like der wat forlegen mei, mar woe faaks leaver swimme as minder foar gek rinne.
'Ik wil het wél even passen', sei se.
Dat nou skeat Foeke glêd forkeard. Al mear as in heal minskelibben hie hy syn klanten de mjitte skatten en klean ferkocht. Yn in doarp waard net past. Jo bitellen en namen it guod mei nei hûs. Jûns let waard it oanlutsen en passe it in inkelde kear net, dan brochten jo it werom. Sa gie dat en net oars.
Dizze reis lykwols wie Foeke sa goed net of hy moast de frou pasje litte. Mar wér dan? Yn'e winkel koe net en hy woe it mins net by him yn 'e hûs ha. Foeke skarrele troch de winkel mei de frou efter him oan en wiisde har troch in doar en dan nochris troch in doar, ja dy dêr ... It stêdsminske koe nou net wêrom fansels, en se joech gjin krimp. Mar dochs, rêstig oanpasjen sil it wol net west ha yn dy etalage!
Jo besykje wol ris wat, net, op 'e grins fan twa kultûren?