Dûmny naam in slokje wetter út it glês, dat yn in hoekje fan 'e preekstoel stie. Hy hâlde tige fan lange psalmen. It joech him efkes de tiid om op syn gemak de tsjerke rûn te luorkjen. Wa binne dêr en wa net, wa ha rúzje, wa fan de jongerein sitte by inoar en hoe ticht ...
De psalm foar de preek wie foar dûmny altyd it momint om yn'e holle it búsboekje foar de kommende wike fol te setten.
Mei de stuollen foaroan wie hy sa mar klear. Dêr sieten de froulju út 'e buorren. De measten kinne ommers ek net mear yn sa'n smelle bank komme, tocht dúmny. As se harren sitwurk al troch it doarke krije koene, wie it sitten gjin dwaan. Earme bern, dy't dêr sitte moasten en earme fakânsjegongers.
De banken oan 'e kant efteryn moast dûmny altiten wat ekstra omtinken jaan. Dêr krûpte it jongfolk noch wolris hinne om te kaarten of mindere lektuur te lêzen en te ferhanneljen. Sûnder erch giene syn eagen nei de hege banken dwêrs fan'e kachel, om te sjen at Eise syn hannen wol oan it psalmboek hie en net yn Wypk har 'siel en sillichens'.
Net dat er dêr wat fan sizze soe, mar it hindere him dochs behoarlik by it preekjen, hie er ûnderfûn. Alles op syn tiid, fûn dûmny en naam noch in slokje.
It oargel sette it lêste fersk yn. Alde Knillis koe dêr wat fan. Nou wie it ek sa dat de measte boeren net al te fyn sjongden, dat de oargenist moast er wol mei paslik geweld oerhinne. Dat wie Knillis wol tafertroud. Benammen in bekinde psalm raasde 'er út. Dûmny hie dêr al ris in kear mei Knillis oer praat.
'Knillis, it sjongen fan De Heer is mijn Herder en sa, soe dat net es wat kalmer moatte? Ik stean te skodjen ‘e preekstoel! Lêsten sneins dondere de bânopnimmer fan it bankje en ik wyt ek net at de Heare it sels wol sa moai fynt ...
'Wat soe't', hie Knillis sein, 'Ik sil jo sizze, eltsenien kin ta de Heare komme sa't er wol. Boppedat, sa heart Ús Heit it rammeljen fan it oargelmékanyk net!'
Dat it wie mar sa bleaun. Ek doe't op earste krystdei Knillis yn it lêste stik van Ere zij God it 4"-register dêr hielendal útskuorde.
Rêstiger waard it ûnder 'e preek. Dan krigen benammen de boeren it swier. Moarns gie it noch wol, mar middeis hiene se in warm miel iten efter de knopen en wie it tekoart oan sliep al gau sterker as de oanfiteringen fan dûmny. Boppe op'e kreake wie it it slimst. As in frou dêr njonken siet woe se har man noch wol in raam ferkeapke at ‘er begûn te snoarkjen, mar de measte froulju sieten ûnder yn tsjerke ... Ungemurken wei sakken dy mannen dan lekker yn'e sûs en waarden pas wekker ûnder it sjongen. By in ûnbekinde psalm wie it dan meastentiids in rake klap mei it ponkje dy't it libben dêr wêr yn brocht. Ja, sa'n ponkjerinner woe syn jild ha, dêr rekkene de Heare wol op!
Yn'e ûngetiid wie Harmen fan Rixt en Sybren ûnder'e preek sa fier fan de wrâld rekke, dat er mei stoel en al efteroer klapte. By it begjin fan'e preek wie 'er al wat rûzich wurden en om it sûpenboltsje dêr wat langer by te hâlden wie hy in bytsje op'e wip sitten gien mei de klompen op it kreakesket. Doe't er slach oer de harsens gie, fleagen de klompen dwêrs troch tsjerke nei ûnderen, krekt by Dikke Doede op'e kop. Dy krige pas yn'e gaten wêr't er fan wekker skrokken wie doe de koster de klomp ophelle en it bewiisstik op it koarhikje hinge.
Harmen hat dy wike doe al húsbesyk hân ...
Dûmny hie dêr alle begryp foar, dat syn skiep it wolris swier hie yn tsjerke. Lykwols hâlde hy se dochs foar: 'De leauwe is krekt as trochsmarren en oaljeferfarskje: as jo it net op'e tiid dogge rint de moter fêst... !
'En as jo it te faak dwaan moatte', hie âlde Siemen sein, 'mankearret er wat oan 'e oalje ... '