Lykele en Tsjal hiene it sa moai útfûn. Mei de trein sawat hiel it lân troch foar in bytsje jild. Net fan earmoed, hja koene it bêst dwaan fan harren AOW. Nee, it wie foar de ûndernimmende
âlden suver in sport wurden. Mei 't it langer duorre, waard it stadichoan noedliker, mar ek spannender, dat de nocht wie der foar harren noch lang net ôf.
Tsjal hie it idee krigen. Hja wiene yn Maaie nei âlde Gerben west te theedrinken. Gerben siet yn in fersoargingshûs krekt bûten Snits. Op 'e seal hiene hja harren de eagen útsjoen. Sa 't it dêr ta gie! De measte bewenners wiene net goed mear by harren sûpe-en-bôltsje en diene de frjemdste dingen. De susterkes skarrelen der tuskentroch as wie it sa normaal as wat. Benammen Lykele wie swier ûnder de yndruk. Hjir siet in frou twa oeren te skodholjen en der pisse in man yn in faas mei fresias. Twa tafels fierder rôpen twa fan dy frommeskes om help, want “Omke Durk hat ús slein, suster”.
Op 'e weromreis hie Tsjal ris fansiden nei Lykele opsjoen en foar't hja yn Molkwar wiene hie hja de saak op in rychje. Thús hie Tsjal in geunstich momint ôfwachte.
'Lykele, ik wol noch wolris mei de trein fuort. Nei ús Nynke-en-dy of sa ta, mar dan dogge wy it al oars, want dy kaartsjes binne my fierste djoer, der is gjin smiten mei de mûtse nei.'
Lykele hie wol in dei of wat yn 't gat hinge, mar wie dochs meigien.
Tsjal kocht by de kondukteur twa kaartsjes nei Meppel. Yn Swolle stapte it pear sûnder te ferblikken oer op 'e trein nei Enschede. It spul begûn doe't de kaartsjeknipper fan dy trein yn 'e doar kaam.
Lykele lûkte de eagen nei de noas, liet de tonge wat út 'e bek hingje en sakke skean ûnderút yn 'e hoeke. Tsjal hie yn Swolle al in pak pareltsjebrij op it plankje set en in grutte slabbe klear lein. Foar't de kondukteur te ticht by wie hie Lykele de slabbe al foar en avesearre Tsjal der in lepfol of twa brij oerhinne. De lju yn 'e kûpee hiene der de measte wille om mar dat koe de akteurs neat skele.
Doe't de kondukteur Tsjal om 'e kaartsjes frege (hy woe neat mei dy nuvere deminte kearel te rêden ha) oerhannige hja se mei in gesicht fan "It is mar goed dat ik se noch sa goed op in rigeltsje ha, oars kamen wy de doar net mear út".
Meastentiids skarrelen hja der sa moai troch, om't de kondukteur mear each hie foar de slabbe ûnder Lykele syn kin as foar de kaartsjes. En as de man âl opspile, begûn Tsjal te skriemen: 'Sjochst no wol, wy hiene der ommers al lang út moatten, ik sei it noch! Och, wat moatte wy no! En Nynke stiet fansels yn Meppel te wachtsjen! Dy is dea-ûngerêst, dêr kinne jo fan opoan! Ik moat ek oeral sels foar stean, ferdikke.' En at de kaartsjeman dan noch lilk die, sette Tsjal nochris útein tsjin Lykele.
'Och man, och man, sjoch no ris wat jo dogge! Sa kinne wy dochs net by dat fanke oankomme, jo sjogge der út as in baarch!'
Skodholjend seach se om har hinne. 'Einliks kinne jo der ek net mear mei sa'n man út... Ik skamje my dea! Och mynhear, jo kinne jo net yntinke, wat in kreaze skrandere man it wie yn syn goede jierren. Mar it kin einliks net mear, it is net mear fertroud. Wy moatte tenei mar thúsbliuwe... Dan wachtsje wy wol ôf wa at er by ús del komt...'
As it nedig wie helle hja de meast hurde knipper dan noch ûnderút mei de fraach: "Libbet jo heit noch, mynhear de kondukteur? En is doch noch in bytsje goed?'
Sa reizgen de âlden hiel wat ôf. Hja wiene wol sa snoad om net twaris deselde reis te meitsjen. Sa troffen hja altyd in nije kondukteur. Al dwaande waard it ferhaal hieltyd better en wie der gjin kaartsjeknipper dy't der tsjinop koe.
En dochs wie it misrûn. Lykele en 'e frou wiene yn 'e lampe flein, pûr tafallich. Op in moaie freedtemoarn hiene hja twa kaartsjes kocht nei Ljouwert. Lykele woe wolris wer nei de feemerke en Tsjal soe om wat lapkeguod út. Op it lêste ein nei Ljouwert kaam in kondukteur om 'e kaartsjes. Hy pakte se oan, seach de beide reizgers es skerp oan en bestudearre doe de kaartsjes nochris. Hy wie wol trochrûn mar op it perron yn Ljouwert moasten Lykele en Tsjal meikomme nei in kantoarke. Dêr siet in man dy't sei dât er fan 'e spoarplysje wie. Hij frege nei harren nammen en hoe 't dat siet mei de sûnens fan menear en sa wat hinne. It wie de kondukteur opfallen, dat menear der folle better útseach as ferline wike, justjes foarby Harderwyk... Hoe wie dat sa fluch ferbettere...?
Tsjal rêde it dizze kear net op mei in ferhaal oer de knappe dokters fan tsjintwurdich en de help fan dûmny, dy't ôfgryslik bidde koe. Hja moasten in bryfke tekenje, der't opstie wat 'er bard wie.
'Jimme sille wol berjocht krije fan 'e rjochtbank as it sa fier is,' hie de plysje sein.
'Sa sjogge jo mar wer,' fersuchte Tsjal doe't se tagearre op 'e merke omtoarken, 'yn hokker wrâld libje wy einliks? At men jin net oanstelt as in gek komt men nearne mear! Is 't net sa?'