Eltse moarn rattele de bus troch de doarpkes nei Snits. Yn de healwei-achten-bus wie it altyd tige rêstig, want dan sieten dêr inkeld slûge skoalbêrn yn. De helte sliepte gewoan troch en it oare part besocht it húswurk te learen dat 'er de jûn tefoaren by bleaun wie. It wie foar de measten in hiele kunst om net fan de glêdlearen banken te skowen yn al dy skerpe bochten dy de sjauffeur sa hurt mooglik troch raamde.
Mar yn Sondel wie it ynienen in hiel oar forhaal. Want dêr kaam Freark yn 'e bus. Freark wurke op 'e Sosjale Wurkpleats en reizige mei de bus hinne en wêr nei Snits. Benammen moarns bitiid wie Freark tige optein. Hij knoffele de bus yn mei syn buskaart fier foarút, rôp sa lûd dat it hiele busfolkje wekker skeat:
"Allegeare hiele bêste moarn, allegeare!!" en socht him in plak. Dat plak wie as 'er it rêdde koe nêst in moai jongfaam, as nêst in jongfaam. Allinne as forneamde soarten net yn foarrie wienen, gie 'er by in âld faam sitten.
Sitte koe Freark oars net lang. Hy begûn al gau in petear mei de ien as d'oare en it duorre net lang as hy skarrele de hiele bus troch. In iepen geast as Freark belibbe altyd wol wat en wichtige ûnderfiningen moast en soe hy oan eltsenien yn 'e bus fertelle. Freark kaam dan sa ticht mooglik bij jo en de wurden kamen dêr meastentiids dweiltrochwiet út, mar jo moasten mar wat oerha foar in forsetsje.
It wichtichste dat Freark meimakke, spyle hy yn 'e bus faak nei. Sa koe men moandeis de preek van de ferline snein nochris op jo ynwurkje litte en woansdeis waarden de priizen fan 'e koumerke trochnommen.
Hichtepunten wiene de reizen op dagen nei in trouwerij. Freark hie de hiele tsjinst dan noch yn 'e holle en kaam dan mei de bibel yn 'e hân de bus yn knoffeljen. Hy socht dan earst in jongkeardel en in knappe faam út, dy 't neffens him wol byinoar pasten en sleepte harren foaryn de bus. Rom foar Spannenburch hie 'er it ja-wurd dêr by de lju al út, en waard it troch de hiele bus mei in tapasselike psalm bekrêftige. Tusken Koufurderrige en De Jutryp waard dêr dan bidden. Dêr gie Freark sa yn op, dat ek de meast dryste sjauffeur dêr net yn slagge him fan 'e moterkap, syn preek-stoel, ôf te slingerjen. Meastentiids wie Freark syn niget oan de jongfaam preekjendewei dan al sa tanommen, dat er om sels in kâns te hâlden it houlik mei de selde gang ek wêr ûntbûn.
Freark seach inkeld it goede yn de minsken. Dat wie foar eltsenien dúdlik. Dêrtroch koe hy bij de measten in potsje brekke. As Freark troch de bus rôp: "Allegearre kaart klearsykje, allegearre!" dan die eltsenien dat gewoan, want dan wie hy efkes de kontroleur van de busûndernimming. En as 'er in inkelde kear sels syn buskaart ferjitten wie, dan hoechde Freark net te biteljen sa 't wíj wol moasten.
Ien kear hie Freark de slach hielendal ferspyle. Dat wie de earste kear, dat op Spannenburch in oare mongoal yn 'e bus meikaam. Pyt hie it net op Freark en doe ús foargonger him by de Wellebrêge freonlik mar beslist oanfitere om mei te sjongen joech dizze him in raam tusken de eagen. It gebed dat ús Freark doe opsei wie grif nét fan ferlyne snein, mar wy wiene dêr fan oertsjûge dat de Heare it wol begrepen hat ...