Sjouke hie se der goed ûnder, dat koene jo wol sizze. Hear en master oer de goed tweintich kij fan Willem Watses, sa stie 'er yn it lân en hold er syn froulju yn 'e gaten. Hy mocht fan Willem net yn itselde stik by de kij of bij de hoklingen, want Willem joech heech op fan syn bolle mar hij fertroude Sjouke foar gjin stûr. No soe it noch wol wat tafalle as it gie om Sjouke syn oanstriid nei it oerhearskjen fan it spul. De kij fan Willem wiene mâns genôch om Sjouke gjin inkelde kâns te jaan. Yn it njonken stik lân besike Sjouke geregeld de kij syn kant op te krijen, mar dy wisten fiersten te goed dat síj by Willem-en-dy it jild ynbrochten en draaiden him de smoarge kont ta.
Dat, Sjouke waard nogal koart holden op it mêd fan 'e seks. It wie him neat nei 't sin, mar de bolle koe heech of leech springe, hy kaam der net bij. Willem hie dat goed besjoen, Sjouke bij de kij en dan om de haverklap der op. En at 'er dan krekt op it stuit in boer kaam mei in deunske ko, dan wie it fjoer by Sjouke út, fansesl! Nee, in bolle hearde oan 't tsjoar.
De kij hiene der stikem nogal niget oan, sa 't it gie. Yntusken die Sjouke as hied 'er it sels betocht: as baas fan it spul koene jo mar better wat distânsje hâlde, no?
Lykwols wie de komst fan eltse frjemde ko út 'e buorren in wier feest foar Sjouke. De optocht wie nog net op it hiem as Sjouke hie it al yn it snotsje en sette it op in âljen. Dat wie nei de eigen harem de boadskip: ‘Sjogge jimme goed, ik bin net fan jimme ôfhanklik, hear!’ Derbij, it moast ek wat lykje foar dy oare boer, oars kaam dy miskien nea wer! Fierdere prakkesaasjes oer dizze rappe aksjes hie Sjouke net. Syn tinzen giene net folle djipper as ‘Myn wurk is myn hobby.’ Wurkjendewei tocht 'er al hielendal net. En nei it wurk woe hy inkeld mar rylekst op krêften komme foar it folgjende putsje.
Bij sa'n ko fan in oar die Sjouke út en troch ek wol ris wat stuntwurk. Hy begûn meastentiids mei in protte razen en snuven en skrape dan in stikmannich sjêdden los út it lân. As 'er it rêdde koe krigen Willem en dy fremde boer dy om 'e kop. Nei in rûndsje as trije om it tsjoarspit liet er' de ko dan in eintsje foar him útrinne en sa gau at de boer dat yn é gaten hie en stil stie mei de ko, roffele Sjouke der in krêftige sprint út, rjocht op it doel ôf. Hy klapte dan sa hurt efter op syn nije leafde, dat se hast troch de skonken gyng. Sjouke hie dan de grutste wille en die dûbeld syn bêst.
Mei dat al, wie dy fertoaning net sûnder noed. Tsjinwurdig die hy de eagen der net mear by ticht, krekt as de earste tiid. Ien kear wie Sjouke net hielendal goed útkaam en hie er de boer sa'n bytsje befruchte. Dat hoe noch al wat opûnthâld jûn, want de boer woe earst skjin en doe ‘t dy wer safier wie dat it wêze soe hoe de ko noch sawat in kertier kramp fan it leitsjen. Fan deugdsum wurk koe doe neat mear komme, fansels.
Sjouke hie him it blynspringen foargoed ôfwent doe't in kou yntusken in stap as twa nei foaren dien hie. Sjouke wie plat op it liif op ‘e sjêdden ploft, mei de kop suffertachtich omheech tsjin ‘e kont fan ‘e ko op. It hie moannen duorre foar Sjouke dy noadlânning geastlik te boppen wie en de kij wer gewoan troch wjerkôggen. Oant dy tiid hiene se op in rige by it stek lâns stien sa gau ‘t se klandyzje foar Sjouke oankommen seagen.
Bij syn eigen kij hie Sjouke in oare strategy. Willem Watses gie mei syn eigen fé net nei in oar, dat hja hie ús bolle foar himsels. As er it redde koe die Sjouke syn boadskip nêst it doel. Sa wie Sjouke efkes út é skroeven en wied’er gâns mear kâns op dat de ko oer in wike as wat wer troch de hikke kaam. Mar it duorre net lang of Willem hie dat troch en dan skuorde er op it goede momint de sturt fan ‘e ko oan a kant om wis te wêzen dat de bolle him net bedondere. Dêrbij hie Willem it bist goed dúdlik makke dat er syn bêst mar te dwaan hie, oars soe de slachter yn é buorren de bolle krije dêr't dy al in skoftke nei frege hie. Neffens Sjouke wie dat it net wurdich en sûnt dy tiid miste hij einliks net mear.
No is Sjouke âld. It kin him net mear skele wat de kij oer him tinke. Sjouke springt wat minder en prakkesearret wat mear. Hy wit: it duorret net sa lang mear en ik gean in kear plat op it liff mei de eagen wiid iepen. En no komme ek sa stadich oan de gedachten oer de sin fan it libben. Ek by in Fryske bolle. No, Sjouke kin der net mei sitte. Hy mei net klaaie. Eltse dei dat er yn 't lân stie hie de slachter him noch net. En as ‘er opsjocht njonken him stiet der in grouwe jonge bolle. Syn soan. Dy sal syn wurk oernimme. En dat... glimke Sjouke, dat koe de boer net sizze...