De simmermoannen binne foar in boer altyd drok. Alles komt op it stuit:
Ûngetiidzje, wiet waar en as koe 't net op, faak ek noch femylje út 'e grutte stêd. Dy ha dan fakânsje. De lju dêr sjogge fansels nea wat groeien en bloeien, dus yn 'e fakânsje moat it dan wêze.
Yn keppeltsjes fan trije as fjouwer kamen se mei de Staverse boat en de kertier-foar-trijen-bus. Yn alle drokte moasten wy se dan fansels mei de heawein by de dyk weihelje. Nee, de fakânsje in bytsje sportief begjinnne en mei dy koffers in ein troch it sân slepe, dat seach dat folk net sa sitten.
Nou hie ús heit dêr ek wol wêr niget oan want dan koe 'er fuort in pear fan syn streken kwyt. Sa gau as it spul dan sa'n bytsje tsjin 'e koffers siet, joech 'er de brúne sa'n klap mei de jageline op it bil dat it bist fan skrik sawat op 'e rin gie. At it in bytsje woe lei de femylje dan op 'e rêch yn 't sân, of (en dat wie it moaiste) yn 'e bulte dy 't de brúne wis dellei as er efkes wachtsje moast.
'De koppeling is vandaag wat stroef, tante!' sei heit dan as útwynsel. Lykwols kamen se altyd wêr ....
As it waar dêr in bytsje op lyke, holpen se ek wol ris mei. It nut dêrfan siet him benammen yn 't goede wollen. Dy kantoarmantsjes hiene net safolle spieren, en dy 't se hiene, brûkten se noch wolris wat knoffelich. Jouns moast dêr dan faak in harke as in foarke restaureare wurde.
It minste koene sokke feinten kwea by it hea ynbringen en oernimmen. Dan moast it hea fan 'e wein nei in útsparre nisse yn de golle en fan dêr nochris in ferdjipping fierder omheech, dêr 't de boer it dan te plak sette. Dat golle bouwen wie noch in hiele toer, want as jo dêr gjin slach fan hienen, dondere it spul hjoed as moarn wêrom op 'e heasouder. Dat plak op 'e helte, dêr wurde omke út Den Haach dan delset. Einliks wie it gjin partuur fansels en nei in skofke wie de femylje yn de nisse bedobbe ûnder it hea. Wy hâlden dan mar efkes pypskoft, want as sa'n man him benaud tocht, makke er miskien in deadsklap út it hea. Sa rom sieten wy nou ek net yn'e feinten ....
Fakânsje siet 'er foar ús fansels net yn. Dêrom wiene wy wol op skik mei dy útfanhûzers. Faak brochten se wol wat foar ús mei, yn elts gefal wêr in stikmannich ferhalen en kweapraat oer de oare femylje. As bern fûnen wy dat hast krekt sa moai as dat snobbersguod, want dat wie de selde middeis dochs efter 'e knopen. Heit en Mem hearden it dan oan en slaggen dêryn om mei te praten sûnder wat te sizzen. Want ja, dy muoike as minne omke út dy rabbery siet in pear wiken letter miskien wol wer op dyselde stoel en dan hearden jo de skiednis wêr fan 'e oare kante.
De measte lêst hie de boer altyd fan dy lju, dy't sa geleard wiene, dat se fan de gewoane dingen gjin ferstân mear hiene. Dat slach kaam noch wol ris del om it paad te freegjen.
'Zeg boer, is dit de goede weg naar het dorp?'
'Ja, hear,' sa gau as jo ús dahliaperk út binne, rjochtsôf. Dan de hikke troch en dy wêr ticht dwaan. Jo binne dan wêr op 'e iepenbiere wei en dan kin it net mear misse!'
As in oare kear: 'Ha die boer! Wij mochten toch wel wat fan die mooie bloemen plukken in dit korenveld, niet?'
It antwurd fan ús heit kaam er net ûnfreonlik út, mar de ynhâld en de manear wêrop 'er mei dy seine omgie, die de minsken as in hazze út it plattrape stikje bou fleanen. Jo soene se dochs ek ...
Lykwols wie it net inkeld ellinde wat jo fan dy minsken hiene. Heit liet se dêr ek nochwolris yntrapje.
Ien fan'e moaiste dingen foar dy minsken wie bygelyks: molke, sa út de ko. Nou ja as se it amerke thús hiene siet 'er al hiel wat oan miggen, sân en blêden yn, mar dochs: it wie folle sûner.
Om'e jister wiene trije trieden spant, mei in boerdsje:
'PAS OP, SCHRIKDRAAD'.
De lju seagen dan faak mei greate eagen hoe 't ús heit rêstig mei de molkamer tsjin sa 'n tried stie.
'Krijgt u geen schok, boer?' fregen se dan.
'Nee, mevrouw, met melk aan je handen heb je daar geen last van' , sei de boer en joech dan in demonstraasje.
'Probeert u het ook maar!' trúne er har dan oan.
En sa nou en dan fleach sa'n minske dêr dan yn as se krekt dy iene tried pakte wêr ‘t de spanning wól op stie. En mei wat focht oan 'e hannen wie it effekt fansels noch wat treffender.
Fekânsjefolk helle net allinne molke mar ek aeien en hinnen. Aeien namen se fuort mei, mar sa'n hin moast fansels earst slachte wurde. Dat die heit sels. Wy moasten dan de hin oan 'e poaten omheech hâlde, dat fûn 'er makliker. Dat nou rûn in kear mis mei in froumins, dat op hege toan om in hin frege.
'Ja boer, je kan wel wat aan me verdienen, maar dan moet het wel meteen! Ik heb geen tijd om vanavond hier nog eens een kip te komen halen, begrijp je?'
Nou, dat begrypte heit hiel goed. Hy snipte in grouwe hin út it hok, sloech it bist mei ien klap fan 'e bile de kop ôf en oerlange de frou it greatste stik. Nou, it mins sette it omraar op in âljen en fleach it hiem ôf, mei de fladderjende hin sûnder kop efter har oan. De hin seagen wy, noch dyselde jouns, bij ús sels op 'e tafel. Heit hie earst slop west fan't leitsjen, mar doe't hy de kop 'er wêr in bytsje by hie, is 'er de hin efternei draaft foar dy by de dyk wie.
Ien fan'e fermaaklikste foarfallen oerkaam in ploechje minsken dy't wiene te kuierjen en dwers troch de bosk soenen. Dat hie noch wol kint, mar doe't se dêr út kamen, wie dat by ús op it hiem. Se tochten: 'Och, op in rêstige sneintemiddei kin wy wol efkes by dy boer dwers oer it hiem, want wy sjogge gjinien ... Se rûnen in bytsje in helling op, oant de foarste mei in skreau troch it hurde koarske sakke, oan it boarst ta .... yn'e stront.
Want se wiene de skerne opreizige, dêr't it âldste stik al wat begroeid wie. De famylje wie wol sa ienriedich om mekoar dêr út helpe te wollen en sadwaande sieten se binnen 't kertier allegearre út en troch ûnder 'e dong. Stjonkendewei kaam dy optocht de stâl yn. Se wiene sa fan slach, dat se net iens skolden ha op 'e infrastruktûr fan dit stik fan harren fakânsjekrite. Né, as 't mefrou de boerin harren mar helpe woe ..... !
Mem hat se skjin en wol de doar wêr útkrigen. Hoe 't se dat klear spiele hat? Wy mochten dêr nét nei sjen!! Né, it ienichste dat foar ús as bern oerbleau, wie it wer oppenij himmeljen fan 'e stâl.
En noch wol yn ús fakânsje .... !