Jehannes syn leafste winsk wie: in nije fyts.
Hy wie nou acht jier en soe njoggen wurde, mar hy moast nog hieltyd fan it iene nei't oare plak komme op klompfuotten. Nou wie dat troch de bosk wol praktysk, mar as jo eltse dei in healûre hinne en in healûre wêrom rinne moasten nei skoalle dan wie dat al lang gjin sport mear! Mei moaie letters hie Jehannes boppe oan syn ferlanglistke setten: 'NIEUWE FIETS'. Want de skoalbern yn Fryslân learden ommers de Fryske dingen yn it Hollânsk op te skriuwen! Fierder hie Jehannes út foarsorch inkeld saken as sokken, nije ûnderbroek, boesgroentsje foar nei tsjerke en sa op it listke setten, om't mem al tiiden sei: 'Ik keapje it nou yn 'e reklame, do krigest it wol op dyn jierdei!'
Doe't de dei dêr wie slûpte Jehannes fan 't bêd ôf earst nei de keamer. Mar wat in ôffaller: Gjin Fyts! Safolle bliider wie 'er doe 't heit nei de sokken fan suske en de klean fan mem sei: 'No ha wy nóch wat foar dy, mar dêrfoar moast mar es yn it hea sjen!'
No, Jehannes poaten meitsje nei de skuorre fansels en dêr stie ûnder it strie: in fyts! Gjin nije, mar it wie er dochs ien! Oan 'e kleuren en it ferskil yn roastigens van de ferskate ûnderdielen wie dúdlik it garjen en sparjen te sjen, mar it wie kreas yn inoar set.
Heit sei grutsk: 'Nou, wat seist der fan?'
'Moai, heit!' sei Jehannes, 'is it in nijen ien?'
'Nou, dat net hielendal, mar do kinst er sels ek noch moai wat oan dwaan. Silst dêr wol hiel súnich op wêze? '
'Ja, heit, fansels!'
'Moai sa, dan moast dêr foarearst mar net op nei skoalle, want dêr houwe se dêr mar rûch mei om!' Dat foel Jehannes fansels wol goed ôf. Mar oan 'e oare kant wie hy dêr ek net hielendal ûngelokkich mei, want it wie in damesfyts en hy hie al safolle út te stean hân oer de broeken dy't mem him makke sûnder gulp om't dat soarte lúkse har te dreech wie!
Dêr waard ôfpraat, dat Jehannes nei skoaltiid de fyts opfervje soe. Yn de wurkpleats stie noch wol in buske swarte ferve, dat koe der wol op. En sa barde it. Jehannes strykte mei de tonge tusken de tosken de fyts swart en doe 't heit thús kaam fan it melken liet er grutsk syn wurk sjen.
De reaksje fan heit wie net wat er dêr fan ferwachte hie: 'Wat hast nou wêr útfretten, stik ûngelok, wat hast dêr einliks opsmart?'
It die bliken de greate bus mei koaltar en ôfwurke oalje te wêzen, dêr't ús Jehannes ôfdwaande de roast mei behânnele hie. Heit lilk, want it smoarge guod woe dêr net mear ôf, en mem lilk want eltse kear as't Jehannes fytste kaam er thús mei de klean fol tar...
Jehannes hat jierren op syn fyts riden. It ding wie fan deeglik foaroarlochse kwaliteit, sadwaande wie 'er ek net stikken te krijen. Ien kear wie Jehannes wat te hurt troch de slingerpaadsjes flein en slag oer de harsens yn in boskgroppe lânne. Doe't Heit de koereur frege werom't it stjûr safolle tichter by it sadel siet de lêste tiid, wist Jehannes nearne fan ....
Jehannes moast letter de fyts oerdwaan oan syn suske, dy't yn Balk nei de ULO soe. De tar wie sa stadichwei ôfsliten oan Jehannes syn boksen en hy hat syn flater fan doe rom goedmakke troch de fyts prachtich read te fervjen. En wat wie Jehannes lilk doe't syn suske in kear thúskaam mei it foartsjil mear as in hânbré út it spoar! Suske wist nearne fan ... Jehannes wist wol better. Meitsje him wat wiis oer fytsen troch de bosk...