Gabe en Murkje soene hast op bêd doe Folkert der by de efterdoar yn kaam.
‘Skrik mar net, hear, der is neat te rêden. Ik kom inkeld mar om wat te freegjen.’
Wat wie it gefal, Folkert en Tine hiene in roubrief krigen fan in muoike fan Tine en hja woene wol graach nei de begraffenis.
‘Soene wy dan de hûn by jimme bringe kinne, oars blaft er de hiele dei oan ien stik wei troch. At er mar minsken om him hinne hat, dan is it goed, sjoch!’
‘No, dan moast him mar bringe,’ sei Gabe ta ‘n einbeslút. As heit-en-dy der net wêze soene, wat moasten de bern harren dan in protte ûntsizze, tocht er. Murk hie noch wol wat tsjinaksele, want hja soene krekt oankommende freed nei Ljouwert en sa ‘t like soe it wol moai waar wurde, dat...
‘Wij rêde dat wol op, dêr is altyd wat op te fynen, miskien nimme wy dy hûn wol gewoan mei. It bist mei dochs wol oer autoriden, neat, Folkert?’
Sadwaande stapten Gabe en Murk mei Skarrel - sa hjitte it bist - troch Ljouwert. Stappe wie trouwens in kalme oantsjutting fan de gong wermei it keal Gabe oan ‘e riem oer It Saailân skuorde. Hy koe it bist mar krekt de baas en út en troch flokte Gabe him plat op 'e bealch om Murk de kâns te jaan wer lyk te kommen. It foel him wakker ôf, sa’n wurk at er hie fan de útfanhûzer en it spiet him wakker dat er it bist net yn ê auto sitte litten hie. Mar ja, it wie no ien kear net oars. Tsjin in oere as tôlve hie Murkje de boadskippen yn ‘e tas en Gabe skjin syn nocht.
‘Witst wat wy dogge?’ hied’ er tsjin ‘e frou sein. ‘Wy rinne nei de Prinsetún en sette ús der op in bankje te brea-iten. Ik wol efkes bekomme, hear! Wat in heisterjen mei dit hokkeling!’
Hja hiene in bankje fûn yn it skaad. De hûn waard oan in poat knope en krige in bak wetter. Tefreden lei it bist de kop op 'e poaten en rekke al gau fan ‘e wrâld. Murk socht de bôletromp út ‘e tas en in healoerke letter wiene de boltsjes op en de lêste drip kofje út de thermosflesse skonken. Yn ‘e grêft skarrelen de boatsjes nei de kant omt de brêgewachters ek om iten wiene, dat der wie omraak te sjen. Gabe sakke wat ûnderút op it bankje en hoewol ‘t er syn bealch wakker fielde like it libben him al wêr in hiel stik nofliker ta.
‘Ik koe wol efkes in knipperke dwaan,’ sei Murk. ‘Dat boatsjefolk rêd him wol en ik moat aanst noch in moai ein tôgje mei myn boadskiptas, dat...’
Sa wie alles in kertierke fredig. Doe kaam de brêgewipper werom en setten de measte boatsjes ôf. Skarrel wie der wekker fan wurden en begûn ûnrêstig hinne en wer te skuorren oan syn riem.
‘Hâld dyn gemak ris wat,’ skold Gabe. ‘Aanst skuorsto dy bank noch fan it plak. Jou dy del!’
Mar it holp net. Murk waard ek wekker en hja besletten mar wêr op hûs oan te gean. Tusken de beammen waard dúdlik wat Skarrel woe: hy moast gewoan nedig in boskje yn en Gabe hie dat yn 't lêst ek yn ‘e gaten.
‘Wachtsje hjir mar, Murk. Wy geane efkes nei dy boskies dêr. At dat bist no ris in pear tellen stil sitte wol, kin ik de geit ek moai efkes fersette. Dat slagge allegearre knap, oant it stuit dat Skarrel klear wie en Gabe noch net. De hûn fleach werom nei Murk op it paadsje, mei Gabe op sleeptou. Hy hie de riem om ‘e earm helle en dy woe no fansels net los. Ûnderweis besocht Gabe him de broek wer ticht te krijen, mar mei ien hân slagge dat noait in kear, fansels. No seagen der al wat minsken harren kant út, dat Gabe wie hastig. Te hastig, die al gau bliken, want noch foar it span by Murk oankommen wie hearde se Gabe ôfgryslik flokken en razen. De jongfeint wie him by de rits yn beknypt en goed ek, sa te fernimmen.
‘Nim dat ferrekte bist fan my oer!' raasde Gabe. ‘En byn him oan dy beam. Ik skop him dea!'
‘Wat no?’ frege Murk, doe’t Skarrel oan in beam fêst siet en dúdlik wurden wie dat it spul net wer los koe sûnder dat Gabe it útraasde fan ‘e pine. ‘Wy sille hjir om in dokter moatte, soe ik sizze .’
Dat, de hûn wer los. Murk sei: ‘Jou mij dy hûn no mar, dan kinsto dy de boadskiptas foar it krús hâlde.’ Hja krige Skarrel by it kin, skuorde him de kop omheech en warskôge: ‘En no noch ien kear skuorre oan dy line en ik lit dy troch de earste de beste plysje sjitte. Hast dat goed begrepen?’
Siz no nea mear dat in hûn de minsken net ferstean kin, want fan dat stuit ôf koe Murk alles mei him gewurde. Hy fotteldrafke kalm efter har oan it paadsje lâns en de stêd yn. Foar't hja in dokter fûn hiene dy’t thús wie, hiene in protte minsken harren op ‘e Nijstêd noch in kear omdraaid om it span nei te sjen. Foarop lytse Murk mei in hûn dy ‘t har wol twa kear de baas koe mar no sleau efter har oan dangele, mei efter harren oan in âldkearel dy’t dúdlik ferrekte fan de pine, mei yn ‘Big Shopper’ foar it krús.
Folkert hie dy jûns it hiele ferhaal oanheard en sein: ‘Jimme moatte dy hûn mar net wer ha. Ik sykje wol wat oars in oare kear. Dit kin fansels net.’
‘No, ik koe him oars wol trije kear baas, hear,’ hie Murk sein mei in knypeagje nei Folkert. ‘Mar de âld man hjir is net sa botte losfertroud mear mei in hûntsje. Jonge, do hiest dat gesicht fan heit sjen moatten, bij dy dokter! Dat sil my noch lang heuge!’
Gabe koe der net om laitsje. ‘Ik hie dij der wol ris lizzen sjen wollen! Wat soesto derfan tocht ha, dy man hie my earst pleatslik ferdôve, mar doe't er mei dat mês kaam, hied er wol tsjin Murk sein dat’ er dermei op ‘e rits los soe, mar net tsjin mij!’