Hindrik helle by ús de aaien op. En dat hie eartiids mear om 'e hakken dan it automatyske gedoch yn ‘e hinnehokken fan no. Yn dy tiid moasten jo de hin earst fan it nêst jeie en dan koenen de aaien yn 'e koer. Rebelske kypen binne dêr altyd west en dy dropten de aaien altyd yn 'e stront. Wy sieten ûren te aaihimmeljen.
Sa gau as er in kiste fol wie kaam Hindrik. Op 'e transportfyts. Hy hie dan in lege kiste foarop en faak twa. Hij trape him it lazarus yn 'e sânpaden, mar Hindrik kaam 'er altyd wêr.
Hy krige dan ek kofje fan ús Mem. Fansels, want hy kaam altyd tsjin kofjetiid. Nei it twade bakje sette Hindrik dan wêr ôf nei Balk, sân kilometer fierder. It koe net oars at hy ferûngelokke sa nou en dan mei dy steapel kisten en aaien foar syn noas. Nei Balk ta wie it syn noed, dat wol sizze, sa gau as 'er fan it hiem ôf wie.
Hastig as Hindrik altyd wie, naam er ek wolris de brânreed troch de bosk. Dat wie wat koarter, sei er. Dermei siet er dêr in kear goed nêst! Want de boer hie foar de útrin fan 'e reed in tried spant om de kij yn 'e jister to hâlden. Hindrik hie fansels krekt twa kisten foarop en seach sa nou en dan om 'e kisten hinne wêr 't er ride moast. Krekt bij de beammen fan it ein wie it sa smel en leech dat hy mei de kop efter de kisten dûke moast om him dêr by te hâlden. Sa barde it dat Hindrik in foege tel letter flokkend en wol út 'e aaidjêrre krûpte en eltsenien foar rike woarst útmakke, wylst 'er de lege doppen út 'e pet gisele.
Letter kaam in tiid dat Hindrik in helpmoter op ‘e fyts hie. In Locomotief mei de besine yn in aai op 'e pakjedrager. Sa âld as er wie awesearre hy noch altyd twa kisten foarop, naam in oanrin en wylst' er op it sadel slingere, skopte hy de Locomotief tsjin it tsjil. En dan mar trapje fansels, om dat kring oan to krijen. En ja, in inkelde kear skopte hy wolris mis, mei de klompen yn 'e speaken fan it eftertsjil. Lokkig hie Hindrik de kofje dan al op .....
Ien kear yn it jier kaam Hindrik mei de auto. Dan ried er mei by Sipke yn 'e auto as dy nije piken brocht, fan 'e briederij. Dat wie ek grut feest foar ús, want nei it biteljen mochten wij foaryn sitte en twa kear de rjochtingoanwiizer omdraaie. Foar de rjochter oanwiizer nei links en foar de linker nei rjochs. It heldere derfan ûntgie ús mar it wurke wol sa. Nei in skofke hobbeljen op it sânpaad, moasten wy dêr by de dyk wêr út en rûnen dan in ûre wêrom nei hûs ta.
Thús hie Hindrik in klompewinkel. Fan eltsenien yn 'e krite hie hy de mjitte yn 'e kop. Dat wie súver maklik, want jo seinen tsjin Hindrik: 'Ik moast oars es nije klompen, Hindrik' en de oare kear kaam Hindrik mei in pear klompen, los boppe op de twa kisten. Dat gie sa hiel wat rapper as dat jo nei de winkel moasten, want dan krigen jo ek kofje en in praatsje en koeke en wêr kofje en noch in praatsje .....
By Hindrik wie alles mooglik. Mar fan ien ding wienen wy wol oertsjûge: syn lêste reis soe Hindrik dwaan mei íen kiste ...