Doe't Jan de Prater út'e tiid rekke waard it súver stil yn 'e buorren. Net dat Jan de lêste tiid sa drok op 'e dyk wie, of faak by oare minsken kaam, hielendal net. Sawat de hiele dei siet Pake Jan efter de blommen foar it rút en seach wa dêr foarby kaam. Sjen wie ek al wêr in grut wurd, want de eagen wiene net mear wat se west hiene en Jan koe net mear sjen wa 't it krekt wie dy op'e dyk nei him swaaide. Mar dat joech neat want Jan swaaide wêrom nei eltsenien.
Syn bijnamme fertsjinne Pake Jan troch de wize wêróp hy hokker praatsje dan ek feroare yn in lang en gesellich petear. Jo koene it ferhaal yn dielen opparte: dêr't Jan frysk prate wie dat foar jó bedoeld, de rest sei er tsjin him sels. Dat oare gie noch al ris yn it Hollânsk (dêr lyke it teminsten op), en dat hearde in stik wiizer.
Dy 't him in bytsje koene, wisten wol dat Pake Jan ast er sa dwaande wie, tiid naam om te prakkesearen oer wat er sein waard. Hy tocht dan faak hiel wat oars as dat'er sei, want syn sizzen wie neat oars as de muzyk by de wurden yn syn holle ...
‘Pake, hoe is it'er mei?’
‘Goeie, goeie , goeie! Jonge, wiesto dêr! (Wa soe dit nou wêr wêze?) Kom dêr yn, kom dêr yn!' (Yn'e hûs sjoch ik better wa at it is, oan 'e stimme koe it wol ien fan Gryt-en-dy wêze).
‘Ik moast fan Mem freegje at Pake moarntejûn by ús komme woe te iten! It is myn jierdei en dan hellet Heit Pake wol op’.
‘Ite? Moarn? En jimme heit hellet my op? En hoe let komt 'er dan?’
‘Mem sei in ûre as trije, dan kin Pake earst noch efkes op bêd.’
‘Och, myn jonge, och myn jonge, nou dan moet dat wezen, dan moet dat wezen!’ (Neffens my is it ien fan Gryt ja ... Nou, as se my ophelje sjoch ik fansels wêr ik telânne kom ... ).
‘Moast ek in suertsje? Krij sels mar wat út it trompke!’
‘En, hoe giet it mei dy op skoalle? Kinst goed meikomme?’
‘Jawol, hear. Allinne rekkenjen kin ik net sa botte!’
‘Ja, jonge, so gaat het, so gaat het. It is 'n spul, it is een spul!’ (Dat giet dus net sa't moat, dy jongerein fan tsjintwurdich, dy tinke allegearre, dat it libben in spultsje is fan boartsjen en tillevyzje loere! Dat wie foar ús bern wol oars! Skreppe, de bealch dêrop en oars in skop ûnder 'e kont!)
‘En, krigest noch wolris in skop ûnder'e kont fan jimme heit?’
‘Nou, dat falt wol mei, hear! Moat dat dan?’
‘Nee hear, jim binne mar ien kear jong, moast mar tinke. Hjir, nim dy noch mar in suertsje en noch ien foar ûnderweis .. !’
Ite by de bern wie it ienige dêr't Pake Jan noch wol foar op'e lappen komme woe. Foar it iten in soart prate, dan in bytsje ite en dêrnei wurch nei hûs.
‘Pake, nim noch in stikje. Jo ha noch sawat neat hân!’
‘Nee. ik moat net mear ha! It wie tige goed en bêst, mar ik bin sa sêd as in protter! Ja, hoor, best was het, premier, premier!’ (Wêrom ha dy minsken net wat gewoane tsiis op'e tafel? Al dy nijerwetse rotsoai, ik mei dat net. Ik moat dat dan priuwe - ik wit nét wat it foar guod is op sa'n pantsje en mei de twadde hap krolt my de tonge al yn'e kiel. Thús nim ik noch wol in stikje mei tsiis, dan kin ik teminsten sliepe ... )
‘Ite jimme mar lekker troch, ik wachtsje tefreden oan 't jimme klear binne en dan wol ik mar nei hûs...’‘
Wat âlder as Jan de Prater waard, en wat mear at femylje en kunde fan syn tiid stoar, wat faker as hy Hollânsk prate.
‘Ja jong, ja jong, so gaat het, so gaat het! Alles op z'n tijd, as it komt, dan komt het en dan ha jo mar te gean! Ja minsken, eens is het je tijd en geeneen weet wanneer ... Nee, en dat is mar goed ek!’
No, út 'e tiid, hat Jan de Prater fêst genôch oan ien taal. Soe dat Frysk wêze...?