Geart wie molkrider. Net sá mar in molkrider, nee, DE molkrider. Ien fan de dingen dêr't jo Geart oan werkenne koenen, wie dat jo him hast net seagen. As er d'r oan kaam, wie er ek al wer foarby.
D'r waard flústere, dat er de molkauto ek net stilsette as er de bussen op 'e wein goaide. Nee, flak foar de bussen remme 'er hurt, lei in bakstien op it gas, sprong út 'e kabyne en gisele de bussen teplak. Dravendewei koe er dan noch krekt by de kruk fan 'e doar, slingere himsels efter it stjûr en skopte de stien oan 'e kant.
Dat koe fansels net altyd goed gean. Sa snipte de wein wolris in stik berm mei, as in foege beam .... Ek miste Geart de kruk fan 'e doar in pear kear.
Yn 'e linkerberm moasten jo net stean, want Geart smiet yn 'e haast de bussen ek geregeld oér de wein. De kearen, dat er de stien fan it gas wei skopte, krekt ûnder de rem moat net to tellen west ha. Mar om 't er dy rem by it riden hast net brûkte, hat er dat faak net iens yn 'e gaten hân.
Geart wie net allinne tige hastig, hy wie ek tige freonlik! Dat wol sizze, meastentiids. Jo moasten him fansels net narje, want as Geart ien kear lilk waard, nou dan wie it nét bêst! Dan knapte dêr wat en dan moasten jo poaten meitsje, oars wienen jo se kwyt .... Dat wisten de oare riders bij de ûntfang fan it febryk ek blikstienderse goed! Foardringe wie dêr nét by. En Geart hie ek noch altyd die bakstien, wisten se wol ...
Mar meastentiids wie Geart de aardichste molkrider dy't jo jo yntinke koene. Hoe alderivichste aardich er wie, makke in frou op Swartskoalle in kear mei. Dat kaam sa. Die frou rûn op alle dagen en har man wie net thús. Op in goede moarn, (of in kweade, wa sil't sizze), fielde se it oankommen en it wie beslist net fan 'e sipels. Gjin tillefoan fansels yn 'e hiele krite. Mar, tocht se by harsels, Geart sil dochs noch lânskomme moatte! Dan kin hij de dokter wolr efkes kunde dwaan. Se sleepte harsels nei de hikkepeal en doe 't Geart oanfleanen kaam, rôp se en wiuwde him om te kommen. Har lêste helpe yn 'e need seach har stean en goed en aardich as er altyd wie, wiuwde hy, en wiuwde .... en wylst er de stien fan it gas skopte, wiuwde hy nochris. Letter waard dêr sein, dat it jonkje dat doe berne is, dêrom sa'n alleraardichst keardeltsje wurden is...
Geart hat wat ôfflein yn syn libben. Mar doe 't er âlder waard, is hy it hastige wat kwytrekke. It freonlike bleau oer. En no, yn “De Ielânen”, giet Geart wis oan om in praatsje by eltsenien dy’t nei him wiuwt op 'e gong, dat mist net...