As in kening siet Lammert foar yn 'e bus. Hy krige de búsdoek út'e bûse en wriuwde de spjilde nochris goed op oant'er gjin dof plakje mear op te sjen wie. Lammert krige ek hast sels wer in kaam doe't er wêrom tocht oan de dei fan juster. Moarns bitiid wle de direkteur fan it febryk by him kommen yn'e bûtermakkery en hie tsjin him sein dat 'er by de boargemaster komme moast, mei de frou. Om healwei tôlven waard'er ferwachte op it riedhûs. Lammert moast him mar gjin soargen meitsje oer it wurk, dat wie allegearre al regele. Dat, hy wie sa goed net as hy moast by de direkteur foaryn 'e auto. Thús gau de ferklaaiersklean oan en doe mei Murk efteryn. Lammert hie de slach net sa gau ferspile, mar wat moast' er hjir fan tinke? Wat wiene se allegearre fan doel?
Nou, dêr kaam er op it gemeentehûs efter. De boargemaster hie in lintsje foar Lammert, om't er al sa lang by it febryk wie. De keninginne hâlde dat goed yn'e gaten en as it wurk der net ûnder lijd hie krige men dan in lintsje. Dat hâlde Lammert teminsten oer út 'e taspraak fan 'e boargemaster.
Nei it gemeentehûs waard Lammert mei de ûnderskieding noch efkes nei it febryk riden, wêr't de direkteur in wurdsje spriek en sei dat Lammert de rest fan'e dei frij wie. Doe hied'er se nei hûs brocht.
Thús hiene de bern (want dy wiene der fansels ek by west) de keamer opsiert en in gleske ynskonken. Sa wie it noch in hiel feest wurden.
Jûns hie Lammert de ynfal krigen. It wie foar de televysje dat de keninginne de oare deis yn Kampen komme soe, op har jierdei. Lammert sei tsjin Murk: 'Ik moast dêr mar es hinne. Dat liket my no wol moai ta, nei de keninginne, mei myn lintsje op. Ik gean moarnier mei de healve-achten bus' .
Sa hie Lammert ier en betiid de sneinske klean al wer oan, dizze kear mei it lintsje op it boarst en in oranje strik foar. Lammert hie fansels gjin oranje strik, mar Murk hie in stik fan in ûnderlekken knipt, dat wol sawat dy kleur hie, en dêr in strik fan naait.
Sa siet Lammert no yn'e bus nei Kampen. It wie in hiele reis, mei in kear as wat oerstappe. Healwei de moarn stapte ús farske ridder dochs troch de stêd, sykjende nei in plakje, dert'er de keninginne en de prinsen goed sjen koe en wa wit, ek wol oanreitsje. Prate hoechde net fan Lammert. It Hollânsk kaam der altyd wat fjouwerkant út as jo it einliks noait diene, no?
It foel net ta om in gaadlik plakje te finen. Oeral stie al in protte minsken by de dyk tsjin 'e dranghikken. Nei in healoere en in bakje kofje sette Lammert him del op in steapel kisten by in grienteman. Sa'n fjirtich meter fierder stie in greate kamera fan'e televysje. Dit kin net misse, tocht Lammert. Dy tillevysje lju witte krekt wert'se wêze moatte, hjir is dalik wat te sjen. En sa barde it ek. Nei in skofke kamen der wat moterplysjes en sa wat hinne, dy't seachen as de minsken mei reekbommen noch wol efter 'e hikken stiene en dêr efter kaam dan de auto fan de keninginne. Lammert hie in goed plak, want sa'n hûndert meter by de grientewinkel wei stoppe de auto en kamen de minsken der út om efkes lâns it folk te kuijerjen. No, dêr kamen de minsken wol op ôf! It duorre net lang as Lammert seach neat as rêgen fan de lju foar him.
'De kiskes!' gie it him troch de holle. Hy smiet as de bliksem in stikmannich kratten op inoar en knoffele der op. Sa, nou koe hy dochs wêr sjen wêrt'er foar kommen wie! Sa'n hiele reis om mei it lintsje efter achtensechtich rêgen te stean, nee, dat koe net. Mar doe't de keninginne tichter by kaam, begûn it hert by Lammert dochs ek wat hurder yn'e kiel te klopjen en hy rikke wat te folle oer oan'e kant fan it hege selskip. Dat, op it stuit dat Lammert de foarstinne foar it earst yn syn libben mei eigen eagen oanskôgje soe, dondere syn ferheech mei in bulte gekreak en geskreauw fan minsken yn inoar. Doe't Lammert fan'e skrik bekommen wie en de pet wêr rjucht op'e holle hie, wie de keninginne al lang foarby. Lammert koe net oars as stilwei ôfsette, nei de bus. Hy hie in bêste skuor oprûn yn'e bokse fan syn sneinske broek en in skonk iepenhelle. Ien kear yn'e bus nei hûs wist Lammert net wêrt'er mear de smoar oer yn hie: de skuor yn'e klean as it missen fan de keninginne. No ja, Murk soe de broek wo1 wer meitsje, syn kúten wiene altyd noch wer út harsels tichtgroeit en as de bus in bytsje op tiid wie koe er de keninginne noch foar de televysje sjen, dyselde jûns.
Om acht ûre sieten se dus foar de kast. Lammert yn syn gewoane klean en Murk mei de sneinske broek en in reaf jern op 'e skoat. Sa seach Lammert dochs noch wat Murk oerdei al sjoen hie: in noflik pratende en fûskjende keninginne, allegeare minsken en in prachtich televysjeplaatsje fan in taskôger, dy't mei in wyt weilutsen kop út in steapel hout krûpte, de oranje strik achter it rjuchter ear.
'Och jonge', hie Murk jûns let sein, 'Wat jowt it ek. Kom mar by my yn'e bêdsté, dan kinst dyn keninginne sjen sûnder dast' op in steapel kisten klâdje moast! Mar doch earst wol dyn lintsje ôf!'