Thús wie Beppe net mear losfertroud. Nei't se sawat it hjirneimels sjoen hie om't se foar alle wissechheid mar ryklik fan 'e medisynen snobbe hie wie Beppe net hielendal wer de âlde wurden. Net dat se dy flater mei de pillen wêr begie. Né, alle tôlve (yn in stik of acht kleuren) giene moarns by de kofje op in leppel. Dêr gie dan wat kofje oerhinne en ... hap! wipte se it dêr yn. It lyke wrammels wol as smakke it har ek noch.
Mar, sa't al sein, hielendal en altyd helderop wie it net mear mei Beppe. It waard in oanhâldende soarch foar Pake want Beppe naaide dêr op de ûnmooglikste tiiden út. Nó seach se de kat him smearen (Pake seach gjin kat); dan wêr spatte se oerein:
'Sjoch, dêr giet myn frijer, ik moat efter him oan!' (Pake seach inkeld Durk fan'e buorren) en dan soe de jas oan en moast se dêrút! Pake wie ek al net sa'n sprinter mear en koe har mar krekt hâlde.
As harren bêrn op bisite kamen fûn Beppe dat wol moai, as it mar net to lang duorre. Sa gau at se har nocht dêrfan hie, wie it:
'Kom Jan, wy moatte nei hús ta, dy minsken hjir wolle op bêd!'
Doe't Pake dêr súver net mear fan sliepe koe, moast dêr wat oars.
En dat slagge: Beppe koe nei "It Ikehout". It wie in kreas nij tehús, tusken de beammen, mei in fiverke mei glêdde stienen oan 'e kant foar 't útgliden en de trochstreaming yn it thús.
Beppe waard dêr hinne brocht as soe se útfanhûs. Dat wie goed foar har, sei eltsenien.
De earste tiid wie it tige wennen foar Beppe. Se wist donderse goed dat se net thús wie al seine dy susterkes dat wol. Boppedat, se krige noch alris iten dat se noch nea hân hie en dat leste se net, fansels. Thús wipte Beppe dat dan mei de selde gong yn'e skelk en dan fan'e skelk op 'e grûn, want dêr siet de kat altiten te wachtsjen. Hjir krige se dêrfoar op 'e donder!
Nei in skofke skikte se har yn har lot en dat kaam benammen op'e rekken fan de 'arbeidsterapy'. Want hake en breidzje koe Beppe as de bêste en se koe de juffer goed helpe. Sa goed sels, dat se de brilledokter op'e keamer krige en in wike letter in nije bril op'e noas, om't se mei de âlde de stekken net goed mear sjen koe. De ôfdanker gie mei nei Pake, dy wie dochs ek oan oare glêzen ta.
It wie oars geregeld mis mei de bril, lyk as mei in soart oare protesen. Dy âlden wiene sa oergunstig as 't mar koe en rôvden fan inoar wat se mar te pakken krije koenen. Sa nou en dan kamen wy by Beppe en dan seach se dêr wat núver út. Foar dat wy dan yn'e gaten hiene, dat se inkeld mar in oar gebyt yn hie! Op 'e dei wie dêr lykwols gjin kâns op om it goede op te spoarjen yn in oare mûle. Sadwaande krige de suster de boadskip mei en dy besyke dan nachts de tosKen wêr te plak te krijen.
Nou wiene jo net ûnfortúnlik as de dief krekt dy nacht net stoar, oars gie sa'n erfstik ûngemurken mei it ferkearde grêf yn, fansels. Lykwols: faak kaam it sa slim net. En Beppe wie ek net altiten it slachtoffer ... Op in goede dei wie se mar wat lilk: 'Se ha myn bril stêlen, ferdikke!
Wy oeral sykje, mar nearne Beppe har bril.
'Hat Beppe al yn it taske sjoen, Beppe?' weage in skrandere beppesizzer.
'Dêr hoech ik net te sjen, want hy sit dêr nét yn. Ik ha 'r niis al wol fjouwer kear yn sjoen', sei Beppe narrig.
Wy sneupten dochs mar efkes yn it hântaske en hellen dêr sa in stik as njoggen brillen út.
'Sjoch nou ris Beppe, is 'er hjir bij?'
'Och heare ja, dêr is'er al! Mar wa hat al dy oare rotsoai yn myn taske dien? Dy gekken hjir dogge ek mar .... ! '
Pake hie dêr, tochten wy, noch it meast fan te lijen. Hy miste Beppe slim mar doarst einliks ek net goed nei har ta. Hy wie as de dea, dat hy syn húske út moast, ek nei "It Ikehout".
Ien kear krige men him sa fier dat er mei gie. Yn in auto nei de frou. It fielde him mar raar oan. De tún en it bistespul yn'e hokken fûn'er wol moai, jawol. En de fiver like him ek in rêstig plak te kuierjen.
'Mem sit hjir mar bêst', wie syn beoardieling wylst 'er op 'e stok troch de gongen fan it thús skoffele.
Doe't er Beppe seach kamen de trinnen fansels. Mar dat wie gau oer doe't Beppe harren seach en rôp:
'Wat moai dat jimme dêr binne, mar wa is dy âld keardel dêr?'
Op ‘e weromreis woe Pake neat bliken litte, mar hij wie wol wat faak mei de skjinne búsdûk dwaande. Hij wie mei gjin tsien hynders wêr nei 'It Ikehout' te krijen.
'Mem hat it dêr goed', sei er, ‘mar ik moast mar thús bliuwe, by de kat.....’