(Sa as it bard hie kint, makke foar Bauk har fyftichste jierdei.)
Âlde beppe Bauk wie fêst beslúten. Se soe der útnaaie. Koste wat kost. En wol foar’t har jierdei dêr wie. Sa’n fjiertsien dagen lyn hiene se it har ferteld. Hja soe hûndert wurde en de burgemeester soe komme.
‘Dat ik hûndert wurd wit ik self ek wol, hie beppe sein, en dy burgemeester hat oars ik noch noait nei mij omsjoen.
Dat wie ek sa. En derbij kaam: beppe Bauk wie intusken fiersten te âld wurden om dit soarte poppekast belangryk te finen. De directrice hie der noch oer bij har west op ‘e keamer. Om har om te praten. No, dat wie fansels net slagge. De suster hie mei in lang ferhaal besyke om beppe dúdlik te meitsjen, dat it in hele ear wie en dat it feest al trochgean moast. Beppe Bauk hie har ris oansjoen fanachter ‘e tafel en koartwei sein: Ik begryp it. It is foaral wichtich foar it tehûs. En jimme binne foaral bliid dat ik de hûndert toch helle ha, want dan krije jimme dy burgemeester wer es oer de flier. Goed. Lit him mar komme, hear. At ik er dan mar net bij hoech!
Beppe wie op ‘e fuotten dan net mear de fluchste, it ferstân wie noch poerbêst. De bern en beppesizzers hiene it al faak sein: dy giet noch sa goed lyk! Sa lang at se noch sa helder is krijt de duvel har net te pakken. Dy komt altiten ien kear mear oerein as dat se fallen is. Tink ‘er goed om: dy giet straks by de poarte mei Petrus yn diskusje en binnen in pear wiken hat se de earste verbetteringen yn de himel-organisaasje op papier.
Mar sa fier wie it noch net, neffens beppe Bauk. Earst dy blinderse jierdei. Hoe soe se dat ris fersiere? Beppe siet der net sa mei. Se hie mear oplossingen fûn, dan alle susters bij elkoar oan problemen betinke koene.
Âlde Marten hie yn it begin tocht dat er in liif famke oan ‘e heak slein hie. No, dat wie it ik wol hjer, mar dat wie mar ien kant fan it ferhaal. Beppe gunde iederien syn eigenaardichheden. Mar sa gau at dy skea diene oan har eigen siel, dy fan ‘e bern of de earlike wierheit, dan wie it goed mis. Beppe hie al jong leart, dat it gebrúk van de skerpe kant op ‘e tiid, mear libbenkâns opsmiet as altiid mar dwaan wat in oar miende. Nei in skoft draaide it derop út dat eltsenien altyd baas wêze mocht, sa fier at beppe it lije koe. Jo hiene te rekkenjen mei de hiele Beppe Bauk net alinnig mei ien partsje.
Mei Marten wie dat ek net altiid maklik west. ‘In hurde kop is goed foar in bok, mar net foar in minske, hie beppe faak sein. Mei de bern hiene se it libben libbe, sa ‘t it kaam. Krekt as sa folle oaren. Op ‘e berg kriget de klim in soart djipte, no?
Yn ‘e loop fan de tiid wiene de skerpste kantsjes der wat ôf rekke. Foaral doe ‘t âlde pake Marten him sette oan it sparjen fan postsegels en âlde tillefoankaarten. Yn in tiid dat alles al lang elektronysk gie. Hij wurde elke dei riker sunder dat it wa dan ek in stjoer koste. En wa der wat fan sizze doarst, hie mei beppe Bauk te krijen.
Beppe wie der doe al mear op út gien. Marten bleau dochs mar it leafste thús. Dêr koed’er dwaan wat hy woe en litte wat er net mear koe, sunder dat in oar der wat fan sei. En hij rekke it paad teminsten net kwyt.
Beppe kaam graach under de minsken en se reizige hiel wat ôf nei Jan en Alleman. Meast nei famylje, mar ek nei oare âlden. Op har tachtigste hie se it foar it ferstân krigen dat se wol ris nei it tehûs foar âlden koe. Né, bliksem, net om der te wenjen, mar om op it oargel te spyljen. Ien middei yn ‘e wike. Altyd op tongersdei en net op in oare dei, want oars rekken dy âlden fan ‘e leg.
‘Wat sille wy sjonge?’ rôp beppe dan troch de seal. Eltsenien ropte dan wat oars en beppe begun mei har eigen repertwaar. Nei in dikke ûre moasten de âlden dan wer rêstig wurde, sei se self. Dan stapte se wer op it fytske nei Marten om thé. Doe’t se sawat njoggentig wie, hie it noadlot taslein. Beppe wie wat te hastig fuortskrept, seach de oargelkruk net stean en wie plat op it liif klapt.
Jo bliuwe moai hjir, hie de suster sein. Beppe lei knap yn ûnmacht en se koe prate as Brugman, mar se kwam der net út. De bern koene wol sa lang op pake pasje.
Dy pear dagen wurden in pear wiken. En nei in pear wiken hie beppe al sa folle regele yn it tehús dat se in kreaze keamer foar harsels hie en kâns op in plak foar Marten ek. Boppedat, der koe yn it programma foar de bewenners ek noch wol wat ferbettere wurde.
Nei in wike as fjouwer woe beppe Bauk it resultaat fan har omtinken toch ek wol meimeitsje. Marten waard brocht en wie blij dat er wêr bij Bauk wie.
De postsegels kamen op ‘e tafel en sa sieten se dan samar yn it tehûs. Bij, sa’t beppe sei, dy âlden.
It duorre net sa lang of men frege beppe wer achter it oargel. De susters hisen har op ‘e kruk en hienen dan efkes moai de tiid om oan harren eigen wurk te gean, Beppe hâlde de troep wol dwaande.
Dat wie no al sawat tsien jier lyn. Wat flucht de tiid. Alde Marten hie it foar in Grinslander unmooglik lang úthâlden yn Avondrood. Beppe wie nea hiel fier furt. Men moast sa’n man toch wat yn de gaten hâlde net?
Op har fiifennoggentichste hie beppe de computer ontdekt. By de directrice yn ‘e keamer.
‘Wat kinne jo der allegearre mei?’ hie beppe frege. ‘Kinne jo my dat ris sjen litte?’
De oare deis wie se nei de directrice tôge mei in bericht foar de bern. Jo kinne dat wol even E-maile, net? Binnen in heal jier hie de directrice fan de âld papier aksje in twadehâns computer oanrukke litten foar beppe, want se koe mei goed fatsoen net mear by har eigen wurk. Dan siet beppe wer op Internet.
Dat wie it, tocht beppe! Sa kom ik der wol út op myn jierdei. Ik regelje op Internet in útbraak... Op ‘e iere moarn. Herre fan Fenna-en-dy is doch pensionearre en dy kin my wol oppikke hjirre. Hij kin mei dy nijerwetse sweefwein hjir wol troch de tún en dan wat omheech under it rút...
What soene de susters opsjen.
Beppe Bauk hier by de gedachte allinne al folle mear nocht dan se ha soe mei hûndert burgemeesters en directrices yn de aula.
Sa is ‘t!