Alde Siemen hie se it earst sjoen. Op in minne snein, mids oktober. It wie kâld en it reinde. Siemen hie krekt beslúten dat it waar bûten in dúdlike fingerwizing fan de Heare wie om mar net nei tsjerke te gean. Neffens Siemen hie de Heare it tige breed op in krêftich gebrûk fan jins harsens om út te meitsjen wat goed is foar in minske en wat nét. Sadwaande hie hy hjoed wól de sneinse klean oan mar ék de toffels.
'Sjoch', hie Siemen by himsels sein, 'It geastlik fortúten yn tsjerke leit it fêst ôf tsjin de skea oan't liif fan'e reis dêrhinne, dat: Siemen bliuwt hiel leauwich thús!'
Om it wiize fan syn beslút noch wat oan te setten skepte Siemen in mieltsje kofje yn 'e prottelpot, skonk 'er wat wetter op en sette it spul yn 't foar op 'e kachel. Want jo koene der fergif op ynnimme: nei de tsjinst soe dêr grif ien as d'oare frouminske komme dy't fernomd hie:
'Hea, âlde Siemen is net yn, dêr sil dochs neat wêze?'
Siemen siet krekt yn 'e stoel nêst de kachel doet 'er harren seach. Moai op in riigje, in bytsje op en del weagjend, krekt boppe de hage. Fjouwer grutte reinskermen hobbelden dêr foarby als swarte symboalen fan trouw oan tsjerke en tsjinst oan 'e Heare. En dêrûnder fjouwer susters, allike swart, ûnderweis nei de 'swiere' Bosktsjerke.
'Nou moatte jo toch ris sjen', prevele Siemen yn syn burd en wa wit ek in bytsje tsjin de Skepper sels, 'hat ús Heit in stik as wat fan Syn parachutisten stjûrt om my nei dûmny te krijen?'
En hiel efkes begûn âlde Siemen te twiveljen. Hij hearde it syn mem wêr sizzen: 'Komt neat fan yn! Dy't net siik is' giet nei tsjerke! Wêr bliuwe wy oars? Wêr bliuwt men as eltsenien mar docht wat him goed tinkt?'
'Hjoed achter 'e kachel', miende Siemen en seach de skommeljende âlden nei.
Sa'n meter as fyftich efter harren oan skrepte Douwe him nei de preek. Domme Douwe neamden se him yn it doarp, want Douwe hie se fan'e Skepper net allegearre meikrigen en hy pielde dêrom noch altiten mar wat om by syn heit en mem op it spultsje.
Sa te sjen hie Douwe dêr hjoed ek net sa folle nocht oan. It wie fansels ek wol wat: eltse sneintemoan trije kertier rinne (fytse mocht net) nei tsjerke, twa oeren sitte op 'e hurde banken en dan wer trije kertier wêrom nei hûs. Sneintemiddeis itselde ferhaal. Mei wat gelok hiene se woansdeitejûns ek noch in tsjinst.
'Wat foar leauwe is dat toch, dat it sa faak ferfarske moat?' frege Siemen him wolris ôf. Hy fûn ien kear yn 'e wike wol genôch. 'In minske moat net altyd yn tsjerke sitte', hie er es tsjin dûmny sein, 'oars hâld 'er gjin tiid oer om it yn praktyk te bringen'.
Sûnt dy tiid wiuwde Siemen wolris nei de falskermtrûpen en tocht:
'Komme jimme nou út himel del om te fjochtsjen tsjin de dúvel, of besykje jimme te flechtsjen néi de himel? Hoe liket it, parachutisten fan God?'
Douwe wie de ienichste dy 't wêrom swaaide ....