Alde Beppe Hinke siet dêr mar. De hiele moarn siet se dêr al, deun nêst de kâlde potkachel. Se hie dêr gewoan noch net oan tocht om him oan te meitsjen. Yn har nachtjak siet se te snotterjen en flústere tsjin de kat dy't heal efter'e kachel op'e krante lei: 'Stakkert, stakkert, och earme stakkert, wat no! ..... '.
Mar foar it earst kaam it bist net oerein om har om 'e fuotten te striken en dan nei de itespânne te strekstappen. De kat wie lyke kâld as de kachel en wie dy nacht rêstig stoarn op'e kranten der't Beppe Hinke eltse moarn de kachel mei oanmakke.
O ja, Beppe Hinke hie it wol oankommen sjoen. Al in pear wiken hie it earme bist har net mear bûten weage en mar wat yn it hûs rûnskarrele. Binnen it berik fan 'e kachel. Ien kear komt er in ein oan en dat jildt ek foar in kat van mear as tweintich jier. Neffens Beppe Hinke wie de kat trijentweintich. Se fertelde noch geregeld noe bjusterbaarlik de kat nei har berte oan 'e dea ûntkomt wie. Op in buorkerij binne in pear katten altyd wolkom tsjin de mûzen, mar net tefolle! Sadwaande belânnen de measte jongkatten, sa gau as de boer se yn it snotsje hie, yn in âlde foersek en waarden se mej in stik as wat balstiennen yn'e feart smiten. Yn elts gefal hie de boer dêr dan net langer lijen om as dat er se seach ...
Sa soe it ek mei dizze jongkatten, in keppeltsje fan trije. Mar doe de sek yn it wetter plofte wie ién net fan doel om har dêr yn te skikken .. Nei in tel as wat slagge it spoekbange bist der yn om de sek stikken te klauen en swom nei de kant. Fansels wol nei de oare kant. Beppe Hinke seach it barren en gûlde: 'Och Klaas, moast nou es sjen, dy earme stakkert, ik helje him wêrom hear! Och stakkert, kom mar! Wat soe it mei dy, nou? Och earme stakkert pús!'
Fan dat stuit ôf hie Stakkert Pús altyd bij Klaas en Hinke omtoarke. Mar de namme hie neat út te stean mei it bist har gean en stean, want snoader en sterker kat wie dêr net! Sa luts Stakkert, skoander as se wie, al gau it omtinken fan elk bytsje boarre yn'e buorren. Mar dêr op .... Ho mar! !
Doe't de bern it hûs útgiene, bleau Stakkert op har post. As in katachtige wie se mar min te sprekken oer de selsstannigens fan har 'bern' Klaas en Hinke. Se sleepte regelmjittig knappe stikken wyld út it bosk wei nei hûs. Fange koe se as de bêste. Sa no en dan barde it dat de fangst sa swier wie dat se it deade bist net fan'e groun hiffe koe. Dan sleepte se sa 'n hazze efterstefoarn nei it hiem. Ien kear wie Klaas sa goed net at hy moast fan 'e fyts om't Stakkert mei in grutte knyn midden op it paad siet te wachtsjen. Se wist krekt hoe let de baas it melken dien hie en hoe 't er dan nei hûs fytste. Klaas seach dan wol efkes om him hinne a s't er net krekt in boskwachter te sjen wie, want gjin mins soe leauwe dat dizze stropery it wurk wie fan in deagewoane kat!
Jo kinne sizze, dat Stakkert it libben fan Hinke doel en ynhâld jûn hat, benammen nei 't Klaas út 'e tiid rekke.
Noch altyd hie Beppe Hinke it oer 'Stakkert Pús' en noch altyd wie dêr neat stakkerichs oan it hiele bist. Wylst Hinke foar har sels it stealtsje mei koalrapen wol trije kear opwarme op it oaljestel knoffele se wol eltse moarn nei de winkelman om in ûns farske woarst foar de kat. En as dy dan mear dea as libben efter 'e kachel yn'e sús lei, strykte Beppe Hinke har mar ris oer de kop en prévele: 'Wieste sa wurch, no, earme stakkert ... ? '
Op har âlde dei hat Stakkert Pús noch in jong krigen. As hie se tocht: 'Dat sil my yn dit libben noch efkes net foarby gean!'
Mar miskien wie dy boarre har ek wol efkes ûntkaam, wa sil 't sizze? Yn elts gefal krige dy baas doe't er op kreambisite kaam sa'n ûnbeheind pak op syn soademyter, dat er him mei de heale facht dy't er noch oer hie nea wer sjen doarst te litten. Op 'e nij tôge Stakkert it bosk yn om fretten foar it jong, want se liet net ta, dat Beppe Hinke him skouderham fuorre. Sa hat se it klearspile om har soan grut te bringen en dat wie har nea slagge mei Klaas en Hinke.
Mar it libben seit:' Deade bleien en eigen bern kin men net bewarje' en dat hat ek Stakkert noch ûnderfûn.
Doe't har eigen soan sa'n grouwe baas waard, dat 'er op in goede dei de macht yn hûs mar oernimme soe, koe se net oars as him mei in bliedende kop fan it hiem jeie. Wat moast'er oars van Beppe Hinke wurde...?
Sa bleauwen dy beiden oer en begrepen inoar troch alles hinne. Beide baas oer de oare, sûnder spul of bargebiten.
Oant fan'e moarn. Stakkert Pús wie net mear. En, wist Beppe Hinke hiel wis, wêr Stakkert nou wie, wie se gjin stakkert mear ....
Dêrom gûlde Hinke mar wat om har sels: 'Och stakkert, stakkert, wat nou .... ?’