Lytse Rixt hie dy nacht hast net slept, sa hiene de senuwen har yn ‘e macht. Ier en betiid wie se al fan bêd ôf en hie se har nije gymnastykpakje oanlutsen. Hjoed wie de grutte dei: de útfiering fan de gymnastykferiening. Om healwei twaen wiene de bern besteld by it doarpshûs om te ferklaaien. Om twa ûre soe it los mei allerhanne keunsten en oefeningen. Rixt soe meidwaan mei in demonstraasje fan gymnastykdûnsjen, want sont jannewaris, doe't se sân wurden wie, wie se by de keppel fan juffer Anne kaam. Dy wie drok dwaande west de bern te learen hoe't se sa moai mooglik draaie en stappe koenen op in flot stikje muzyk. Rixt hie der in soad nocht oan krigen en dat waard allinne mar grutter mei ‘t de dei fan ‘e útfiering tichterby kaam.
En no wie it dan sa fier. Mem hie it fanke sawat net thús hâlde kint, sa hie se it rit yn ‘e kont. 'Ast dy no net deljowst slút ik dy op yn it koalehok’, hie Mem ûnder it kofjedrinken sein. ‘Men soe der sânderlei fan wurde!’
Op ‘e klokslach fan twa ûre begûn de muzyk te spyljen en kamen de leden fan de veriening moai efterinoar oan it terrein njonken it doarpshûs opstappen. Alle heiten, memmen, beppes, pakes en sa wat hinne klappe, fansels. Der wie gâns folk op ‘e lappen, troch it moaie waar en it sosiale gewisse.
Rixt stie te strieljen fan grutskens mei har moaie nije pakje en de nije skuon. Sy soenen ris wat sjen litte! Mar in bytsje senuweftich wie se lykwols ek wol, dat koe net oars.
Nei wat springen en slingerjen fan de jongkeare1s wie de groep fan Rixt oan bod. As in stel jonge kealtsjes kamen se fan alle kanten it fjild op fleanen, nei ‘t plak der ‘t se stean moasten. En krekt doe gyng it mis. Rixt waard op ‘e hak trape troch in fanke dat krekt efter har lâns soe en it folgjende momint wie de skoen út. Rixt stroffele sa gau ‘t se koe werom nei de skoen, snipte him mei en skeat nei har plak. Krekt op'e tiid, want dêr begûn de dûnsmuzyk al. Mei in kaam as fjûr besike it famke de skoen wer te plak te krijen mar dat mislearre fansels. De fiters hie se sa fêst oanlutsen, dat se de knoop ‘er net útkrige. Yn in waas fan triennen seach se de oare famkes nei rjochts draaien en sittende op ‘e grûn draaide se mei. Mar de skoen krige se net oan. De oaren om har hinne sisteren: ‘Kom der tusken út! Aanst falle wy noch oer dy hinne!’
Snokkerjend hinkele Rixt de rigen troch nei efteren. Skokkend fan lilk fertriet besike se nochris dy rotskoen oan te krijen. Dat slagge dus net. Rixt wist it no ek net mear en bleau efter de groep sitten te skriemen. Se doarde net te sjen. Juffer Anne draafde by de ôfmars nei it protsje mins en hyse har op ‘e fuotten.
Sa wie se noch krekt op ‘e tiid fan it slachfjild.
Juffer Anne hie Rixt mar ôflevere by Mem, der wie gjin wâl mei har te besilen. Dy jûns op bêd wie it by Rixt noch net oer, wat Mem har ek treastige. Hieltyd mar kamen har de wurden fan de foarsitter by de iepeningstaspraak yn ‘e holle: ‘As Kristlike feriening fine wy it meidwaan wichtiger dan de prestaasje. Lit ús de Heare dêr dan in seine oer freegje.’