Op it komelkersspultsje fan Japik seagen de pear bisten dy dêr al langer wiene raar op. Samar ynienen wie der yn 'e stâl in nij soarte fé bijkomt. In nuver bist mei in lûd as in siike tarringlijer. En de kleur wie ek net sa't it hearde. Alle kij wiene swart of swart-bûnt, de baarch seach 'er ek altyd swart út en sels de hûn dy't harren besyke op stang te jeien wie swart. Mar dit bist wie gielich wyt en it like nearne nei.
Wat wie it gefal, Japik hie in skiep kocht. Nou kocht... hy hie him krigen fan in boer dy't it sike bist al opjûn hie.
'Japik, hiene jo net ris sein dat jo wol in skiep ha woene?' frege hy doe't Japik by him kaam te mûnsternimmen.
'Ja, Sytsma, hoe sa dat?'
'Nou, ik ha in skiep dat it net te bêst docht en ik tocht, miskien wol Japik it wol ha. Ik hoech'er neat foar te hawwen as ik fan't simmer de flues mar krij foar de frou' .
Noch dyselde deis hie Japik it bist ophelle. It wie in hiele put west om it geare gefal safier te krijen dat 'er út himsels en op eigen poaten efter de nije baas op hûs oan gie. Dêr makke Japik in hoekje frij yn'e keallestâl en sette de pasjint op it farske strie.
'It moat al mâl gean as ik dij net wer op 'e lappen krij', sei er wylst er de fette alpino efter op'e kop skode.
De frou wie it glûpend mei har man iens, sei se. (Se wie it ek wolris nét mei de kastielhear iens, mar dan sei se neat). Bûtendat, Japik wie lyts boer wurden mei earst ien súterige ko mei in betrape jaar en letter noch ien plus in grouwe bigge fan Heit-en-dy. Net dat er dêr fan libje koe. Och heare, né! Moarns ier en betiid fleach er foar it molkfabryk by de boeren lâns te mûnsternimmen. As 'er thús kaam moasten dan syn eigen kij molken wurde en de bisten fuorre. Nei in hap iten sette Japik dan ôf nei it spul fan Heit-en-dy, as nei in oare boer, wêr't mar wat te fertsjinjen wie. Jûns wie it itselde ferhaal. Om in ûre as tsien, nei it ôfljochtsjen, foel Japik wurch yn de bêdsté. In inkelde kear op, mar sawat altyd nêst de frou. Sa woeks troch de jierren it spultsje, it húshâlden en de wurchens fan Japik.
Mar it skiep: dy rêde it op en kaam yn 'e bleek te stean. Dan hoechde Japik dy net mear te meanen foar de hinnen en dat nut hie it blykber wûn fan'e argumentaasje fan ‘e frou, dy't nou omraak yn 'e stront omtrape mei de skjinne lekkens.
Dochs wie it gjin trochslaand sukses mei it skiep. It like wol, as hie in kweade geast him yn't libben hâlden om Japik-en-dy te narjen en te dwersekerjen. Dêr wie altiten wol wát mei it sekreet. Earst wurke hy it tsjoarspit út 'e grûn en gie op 'e rin de tún troch mei it tsjoar efter him oan. Dêr hie Japik fansels krekt in great bêd koalplantsjes set. Nou, dat koe oppenij. Doe 't it de twadde kear raak wie en de dahliassen dêroan giene sette Japik in stek mei skriktrie om 'e bleek. Nou, dêr lake it bist om mei syn wollen flues!
Japik snijde it bist pûrlilk it wol fan 'e hals en doe wie it in skofke rêstich. It like as skikte de dúvel him yn syn lot. It raam fan Sytsma kaam derbij en dy die syn boadskip sa goed dat 'er de oare maaitiids in laam yn'e bleek omfleach. Om't it laam ûnder 'e trie troch koe en it skiep dan dwers troch alles hinne ôfsette efter him oan hie Japik útfûn: hinnegaas om'e bleek, dan bleauwen de hannebynders dêr 't se hearden.
It duorre lykwols net lang of Satan fûn wat nijs út. Om't it skiep no molke joech soe de frou skiepetsiis meitsje. It bist liet it moai gewurre, oant de lêste drip. Dan wie dêr altyd wat. De earste kear raamde se mei de kont sa hurt tsjin Japik syn kin dat de wiete helte fan'e Van Nelle him yn'e kiel skeat en de brânende helte yn'e noas.
In twadde reis stapte it skiep gewoan yn it amerke en om't de frou it sjoen hie doarst Japik it net foar tsiis te jaan. De tredde kear seach mem neat, mar doe skiet it bist yn 'e amer sa gau as Japik klear wie. Ús boer bisyke doe de poaten fan it skiep fêst te binen mar dêr wie gjin kâns op! Hy koe it bist net mear benei komme, as draafden se ek noch sa lang efter mekoar oan.
Sa kaam it dêr dochs noch fan. Japik foarop mei it skiep en lytse Jan mei it laam dêr efteroan, nei de slachter. Japik lilk en fêstbeslúten, de lytse jonge krekt sa lilk en mei trinnen yn 'e eagen om it laam.
Mar wat snapt sa'n jonkje nou ek fan buorkjen .. ?