Yn de jierren fyftich hiene de bern in frijwat oar kapsel as tsjintwurdich. Dat wol sizze, de kapper moast der net te folle wurk oan ha, want dat makke de operaasje alline mar ûnnedich djoer. Om de safolle tiid moast de kop dus bijsnoeid wurde, en bij de kapper wie it menu beslist net sa wiidweidich dat wy der kar-stress fan krigen. Jo koene kieze út knippe mei of sûnder de rûkersguodspuit oan't ein.
It knippen die kapper Symen meast mei in âlde tondeuse. Dy gong lâns de earen rjocht omheech en sa om 'e hiele kop hinne. Sa gau 't dat dien wie, kaam de skjirre derbij foar it opperke dat op ‘e plasse oerbleau. Foar de hiele operaasje moasten wy dan de twa dûbeltsjes ôfrekkenje, dy't Mem ús tastoppe hie "Net ferlenne, want dan knip ik dy sels".
Sa besjoen en ferteld liket it net in al te swiere opjefte for in jonkje van tsien. Op 'e fyts nei de buorren, net te let komme en de kapperswinkel fan Symen yn. My in bytsje gelok hie Symen de sliep út .
'Goeie, Symen! Der wie ik al.'
'Moai, moai. It gewoane model, hie jimme mem sein? '
Dan op 'e hege stoel, it lekken om 'e bealch, in slangkje bomwol yn é nekke en dan gie it los, earst mei it apparaat. Oant sa fier koene wy it not wol ha. Mar dan.... de skjirre.
It gefal woe, dat Symen slim Parkinson hie. Wy wisten doe net wat namme hearde by it fenomeen fan hannen dy't bjusterbaarlik op ús ôf kamen as flerken van in oansjitten einfûgel. De kaam yn 'e linker hân wie noch net sa gefaarlik, mar it sjen fan de rjochter mei de kontinu knippende skjirredy ‘t driigjende op ús kop ôf kaam, der wie ús eangst foar in toskedoktersboar neat by.
Symen hie der wat op fûn, hy stie al knippend boppe dyn holle, kaam dan stadig tichterby en as 'er tocht 'no kin it', dan fersike hy de kaam en de skjirre tagelyk op 't selde plak te krijen en gysele 'er de bedoelde jaap fan it hier ôf. Mei what gelok siet de kaam dan tusken de skjirre en 'e kop.
Fansels hie Symen frijwat ûnderfining my dizze technyk, maar de kânsberekkening makke út dat wy dochs ien op de safolle kear mei in pleister op in ear nei hûs moasten. Symen syn foarsoarch de lêste jierren wie dat it blik mei grutte letters EHBO op it tafeltsje by it rút klear stie.
Mem sei der mar net te folle oer. Wat moatte jo ek ferwachtsje fan in knipbeurt foar twa dûbeltsjes? Mei de bern nei in oare kapper yn 'e stêd, dat wie gjin opsje, want tsien kear djoerder.
It ienige dat wij der oan hiene, wie dat Symen nei in skramme altyd sei: 'Witst wat, ik doch der straks wat rûkersguod op, fan 't hûs!' En dan wriuwde hy dat noch ris goed yn....