‘Wa wol ‘er noch kofje?’ frege mem en smiet it breidzjen foar har del op ‘e tafel. Hja skode de stoel mei de kont efterút en gie mar fêst nei it petroaljestel om ‘e kofjepot. It wie noch nearne bard dat heit net woe. At heit nee sei tsjin in bakje, dan wied’er siik.
‘Is it wat,?’ knikholle mem nei de televyzje, wyslt hja in knappe laach kofjemolke yn ‘e kopkes skonk.
‘No, net sa folle, juh,’ sei heit sunder de eagen ôf te draaien fan it rychje moaie jongfammen, dat hinne en wer wevele op it skerm. Ja, die televyzje wie dochs mar in útkomst foar in boer op in efterôfpleats!
‘Dyn kofje!’ werskôge mem. ‘Net kâld wurde litte!’ En tsjin eltsenien dy’t har dêrom priisgje soe, mar dy’t fansels net yn ‘e keamer wie, heake se der oan ta: ‘En der sit noch krekt in bakje yn foar de bern, at se thús komme.’
‘Wer binne se dochs’, frege mem harsels ôf. ‘It is flymkâld bûtendoar, daalks beklomje, sa komt it!’
‘No, jow dy no mar del’, sei heit. ‘Wy hawwe ek jong west, net?’
‘Dêr wit ik neat mear fan’. Mem krige har sok wer beet. ‘Sjoch do no mar nei dy froulju!’
Earder dan de âldelju ferwachten, kamen Nynke en ’e feint der yn. Sybren wie in goeie jonge, dat koe minder. In pear knappe hannen oan’t liif en net te praatsk.
‘Jim binne gau wêrom. Kâld, net? Mar gau in bakje, tink’? Mar by de tafel, soe ‘k sizze.’
Sybren skode de faas mei daaljes oan ‘e kant. ‘Wy woene einliks ris efkes prate.’
‘Heit, Sybren en Nynke wolle efkes prate.’
‘Ja ik hear it wol,’ sei heit. ‘Set de televyzje mar wat suniger’.
‘Wy ha it mar ris oer ús hân’, sette Nynke útein. ‘En Sybren wol eins wat freegje.’
‘No ja, it sit sa,’ sei Sybren, wylst’er de kofje delsette. ‘Sjoch, wy hawwe no al in pear jier ferkearing en wy woene wol trouwe. Hoe liket dat?’
Heit jokke himsels ris yn it hier. It wie efkes stil. De froulju op it skerm foelen moai tagelyk mei de kont op it toaniel.
It doarre efkes, mar doe kaam it antwurd: ‘At mem it goedfynt...’
Mem seach heit ris oan, as tocht se: ‘Dat witst’ dochs wol, net?’ Hja glimke it nije pear oan en sei: ‘Sille wy ‘t mar net kâld wurde litte?’