‘Goeie, Wybren, kâld op ‘e haven, net?’
Wybren skode in stikje op, op ‘e bank.
‘Goeie, Klaas! Ja, waarm is oars!’
‘Foar mij mei it sintsje der no wol ris trochkomme, hear!’
‘No, dat tinkt my! Ja, dat sil tiid wurde.’
‘Ik fyn der neat oan, jo ha ommers altyd de kjelt yn'e bealch, sa op é dyk!’
‘No, tink er goed om!’
‘Mar de hiele dei thús sitte, dat is dochs ek neat wurdich...’
‘Da’s ek wier ja, Altiten thús is neat.’
‘As ik net mear nei bûten kin, meie se mij wol bedobje.’
‘Sjoch, der skarrelt âlde Maeike ek wêr hinne. Wat so se fan doel wêze? Nei Pyt-en-dy, tink’?’
‘Moast wol op rekkenje, it is sa stadich oan kofjetiid en dan wol se dy kant noch wolris út...’
‘Dy is ek mar allinne, sûnt dat famke bei har wei is...’
‘Ja man, sa giet dat as jo âlder wurde. Earst de iene, dan de oare, sa giet it, sa giet it...’
‘Sa lang as jo noch mar fan ‘t plak komme kinne, dan giet it nog wol. Mar ik tink wolris, it is in minne boel at jo je net mear goed rêde kinne.’
‘Der binne mindere dingen, mar sa ‘t jo sizze, sa ‘t jo sizze...’
‘No, mei de stok kom ik noch lang op é haven, der moatte se goed op rekkenje!’
‘Sa is mar krekt. Mei de stok komme wij der noch lang.’
‘Hoe is ‘t oars mei jo fuotten, Wybren?’
‘Sa’n gongkje juh, net te hurt no, dan giet it wol.’
‘No, sa’n spultsje is it bij mij ek sawat, moast mar tinke.’
Klaas gniisde. ‘Dat, jo sprinte net mear efter é frou oan, Wybren...?’
‘Ah, nee juh, dy tiid ha wy hân, sil ‘k mar sizze. Nee, dat wurd him net mear.’
Klaas knikke. ‘Dochs wurdt it jongfolk hjoeddedei hiel oars grut al wij eartiids.’
‘No, siz dat wol, Klaas, siz dat wol!’
'Och minsken, wat jo tsjinwurdich net op 'e tillevysje sjogge, dêr koene wy doe net iens fan drome!’
Wibren glimke.
‘En doe ‘t wij wisten wat we drome koenen, wie it te let!’
Klaas raamde fan pûre wille mei syn stok tsjin Wybren syn spatieren.
‘Mar wat se jûns let op ‘e buis ha, dêr komt dochs neat as kwea en gedonder fan? Alles mei en neat moat.’
‘No, ik sjoch einliks net nei dat soarte stikjes, mar jo ha grut gelyk: dat soene se ferbiede moatte.’
‘Ja, no, ik ha it ek mar fan hearren en sizzen, mar as it wier is, no, dat kin dochs gjin kant mear út!’
‘Sa is ‘t mar krekt hear, krekt sa ‘t jo sizze...’
Wybren pakte in nij promke út it púdsje en nifele it tusken de trije kiezen dy ‘t er noch hie.
‘Klaas, no net om it iene as oare, mar giet it in bytsje mei jo sûnt jo Gerbrich wei is?’
Klaas seach in amerij oer it grize wetter yn ‘e haven.
‘... Och, dat giet wol Wybren, dat giet wol. Wy meie net kleie, no? As it mar wat waarmer waard...’