Durk Sytzes en ‘e frou wienen fierder fan hûs as ‘t se oait west wiene. De Polder hiene se noch wolris helle, mar sa gau as Durk gjin kij mear om him hinne seach, sei er: ‘Mem, wy moasten mar hast wêr es nei hûs, der is hjir dochs net sa folle mear te sjen...’
Mar och heare, nou wiene se de polder al troch en fan op hûs oan kaam neat yn. Se wiene op streek nei... Spanje!
Doe't Durk noch buorke wie fekânsje der fansels altiten by bleaun. Op in spultsje mei in stik as wat kij, in keppel bargen en in hok fol hinnen koene jo der ommers net samar efkes út. Mar no wiene de bisten fuort en it lân ferkocht, dat... it soe wêze.
Syts wie der ek om in oare reden altyd tsjin west: yn dy fekânsjeplakken rûnen har te folle froulju om mei te min klean oan en dat wie nearne goed foar, fûn se.
‘Dat is allegeare neat foar jo, Durk’, sei se dan wolris, al dy heal neakene frommeskes, jo ha 't altyd al sa warm om ‘e kop, strakjes wurdt it jo yn ‘e broek ek noch fiersten to hyt. Dat...’
‘Falt allegearre wol wat ta, juh,’ sei Durk dan, ‘dat is inkeld de reklame mar! Mar wat soe it oars? Mei ik net iens mear nei oare froulju sjen? Hoe sil wy it nou ha, Syts? Al kom ik oeral yn myn âlde frachtweintsje, ik mei dochs wol es nei in moaie sportwein sjen?’
‘Alles goed en wol, mar de earste de bêste kear dat ik jo der yn riden sjoch, wurd it foar Durk fierder it iepenbier ferfoer, dêr moasto goed op rekkenje.’
Mar nei safolle jierren gekjeie oer dy kant fan fekânsje hie Syts op in reinige jûn tsjin Durk sein:
‘Durk, wat soene jo sizze fan in pear wiken om útens? Noch efkes en wy kinne om ‘'e bealch net fierder mear as nei ús Akke yn Oranjewâld. As wy noch wat fan ‘e wrâld sjen wolle moat it net te lang mear duorje...’
‘Nou ja, Syts, as jo dat sa graach wolle, dat moat it wêze! Mar hoe sit it mei dy neakene froulju?’ ‘Nou,’ hie Syts sein, ‘as jo wat wolle mei sa ‘n filmstjerre, dan sil Syts jo dochs mei de galgen helpe moatte, dat dêr bin ik net sa benaud foar!’
En sa sieten se nou op ‘e fierde bank fan foaren yn ‘e bus. Nei Schiphol, want Durk moast en soe fleane! It lyke him sa moai ta om de pleatsen en it fé no ris fan boppen ôf te sjen...
Mar sa fier wie it noch net! Se sieten noch yn ‘e bus en wiene der noch lang net. Durk begûn al ris ûngemaklik te skowen en nei in skofke krige de reisjuffer dat yn ‘e gaten.
‘ls er iets, meneer Gaastra?’'
‘Dat ha jo goed,’ knikke Durk. ‘As de sjauffeur in boskje sjocht, dan moat er mar efkes ho hâlde, ik moat pisje.’
‘Maar meneer Gaastra, achterin de bus is toch een WC? Daar kunt u terecht hoor!’
‘Seach ik jo dêr net mei kofje weikommen niis?’, frege Durk.
‘Ja, daar zet ik ook koffie. We doen hier alles om het u naar de zin te maken, dat ziet u wel!’
‘No, dan tink ik dat wy it mar hâlde by ús thermosflesse,’ sei Durk. 'En wat dat húske oangiet, dat wurdt him net boppe dy skodjende en wippende pot. Dat, wy moatte dochs mar efkes oan ‘e kant!’
Op Schiphol hie Durk rúzje makke mei in juffer yn in blauw pak, dy ‘t sei, dat er de koffer ôfjaan moast. Dêr hie Durk net op rekkene en hy wie dat ek net fan doel. Der moast in man mei in grutte pet oan te pas komme, foar Durk de koffer meijoech op in karke. Fan lilkens fergeat ‘er dat er hjir net yn 'e stâl wie en wylst ‘er prottele dat er noch gjin âlde stakker wie en dat er him noch goed rêdde koe, skeat 'er in striel tabakssop fan syn promke lyk foar de blauwe juffer lâns yn in fikus. Dat kaam him op noch in fodskuorring te stean.
It wie mar goed, dat de reisjuffer goed wie yn har wurk. Durk en Syts seagen safolle dat hielendal net bestean koe, dat se grif it fleantúch mist hiene as se harren net op sleeptouw nomt hie troch de dûane.
Ien kear yn ‘e fleanmasine koe it net mear misse. Doe ‘t it gefal omheech gie wist Durk neat út te bringen. It wie allegearre geraas en geweld wêr't er him sels ynienen hiel lyts yn werom fûn. In bytsje wyt om ‘e noas triuwde hy Syts oan en wiisde nei bûten: ‘Moast ris sjen frou, dy húzen, sa lyts! De kij sjogge jo net iens, sa heech sitte wy der boppe!’
‘No, fan mij hoecht it net sa heech, ik sil bliid wêze at wy goed en wol wêr op'e grûn stean. En jo binne sels ek suver in bytsje wyt om ‘e noas, ik sjoch it wol!’
Sa makken Durk en Syts yn ien dei mear mei as oars yn in hiel jier. Benammen Durk wie oars net sa botte fluch mei nijerwetsichheden mar nou learde hij tige gau. Syts wist teminsten net wat se hearde doe ‘t Durk oan sa'n fleanjuffer frege: ‘Juffer, ik moast hast al ris te pisjen, ha jo hjir ek sa’n húske efteryn?’